NIJS   21-11-2014


FNP komt op foar Sorben

Noed oer Slavyske minderheid yn easten Dútslân

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts   

De FNP hat kontakt opnommen mei de Europarlemintspartij EFA yn ferbân mei mooglik geweld en bedrigings fan de Sorben troch neonazi's. De partij hat noed oer dy Slavyske minderheid nei berjochten yn de Dútske media dat in grutte groep neonazi's ‘jacht' op se makket. 

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa 

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

Neffens berjochten yn de media en in filmke op ynternet wurde de Sorben yn de Lausitz (gebiet tusken Dresden, Tsjechië en Poalen yn) al moannenlang ‘terrorisearre'.  Media sprekke fan talrike foarfallen wêrby't Sorbysk-pratende besikers fan jeugdklups troch neonazi's mei in masker foar bedrige en oanfallen wurde. It Sorbyske dakferbân, de Domowina, hat al help oanfrege fan de bûtenwrâld.  De FNP hat no oan de EFA frege om kontakt op te nimmen mei de Sorben om nei te gean hokker maatregels nommen wurde kinne om it geweld tsjin te gean en wat ‘Europa' dêryn betsjutte kin.  Neffens Steatelid Sybren Posthumus ‘is it heech tiid foar aksje om de Sorben te beskermjen tsjin it ekstreem-rjochtse geweld'.

 

De Sorben binne in autochtoane minderheid yn Dútslân en wenje mei sa'n 60.000 minsken yn de dielsteaten Brandenburg en Sachsen. 

 

 

 

Filmke op ynternet:  http://www.mdr.de/exakt/video234614.html

 

Foar mear ynformaasje oer de EFA sjoch  www.e-f-a.org

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer