NIJS   26-02-2015


FNP: omkearde bewiislêst skea delfstofwinning

Moasje foar it Europeesk Parlemint

Sybren Posthumus 2015 lyts

Feroarsaker fan skea moat juridysk bewiis leverje.

Ljouwert - de FNP tsjinnet op it EFA-kongres ein april in moasje yn oer de omkearde bewiislêst. De partij wol dat der in ein komt oan de praktyk dat ynwenners 'bewize' moatte dat de skea oan har huzen en gebouwen troch de gas- of sâltwinning komt. Doel is dat de moasje úteinlik yn it Europeesk Parlemint oan de oarder komt.

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa

Reaksje? Mail sybren.posthumusfnp.frl  

Faak is it bewiis by mynbouskea hiel yngewikkeld, kostber en burokratysk. Boppedat is de kâns dat jo wat weromkrije hiel lyts. Dêrom wol de FNP dat de juridyske bewiislêst by de feroarsaker fan de skea komt te lizzen, faak de grutte mynboumaatskippijen. Fierder wol de FNP dat dat Europeesk regele wurdt, sadat alle boargers en bedriuwen op deselde wize behannele wurde. De moasje slút oan op in eardere resolúsje fan de FNP op it EFA-kongres yn 2012, dy't mear oer de neidielkompensaasje gong en in reedlik part fan de opbringsten foar de regio's dêr't de delfstoffen wûn wurde. 

It EFA-kongres dêr't de FNP hinne giet is fan 16 oant en mei 19 april 2015 yn de stêd Bautzen/Budisyn. It sil dit jier wêze by de Sorben, in Slavyske minderheid yn Dútslân. De Sorben wenje yn de Lausitz, in gebiet tusken Dresden, Poalen en Tsjechië. De Sorbyske minderheid is offisjeel erkend yn Dútslân en telt sa'n 60.000 minsken. Skea troch mynbou is by de Sorben in hiel grut probleem. Hiele doarpen wurde sloopt en fan de kaart fage foar de winning fan brúnkoal. It giet om iepen minen fan tsientallen km2. Der is in soad ferset tsjin en by in ekskurzje sille de FNP'ers mei eigen eagen sjen wat de gefolgen binne fan de brúnkoalwinning. 

De Europarlemintspartij EFA (European Free Alliance, http://www.e-f-a.org/) is in partij dy't mei 12 minsken yn it Europeesk parlemint sit. De EFA is mei de Greens (EFA/Greens) de 4e partij yn it Europeesk parlemint. De FNP is mei 40 oare partijen út hiel Europa oansletten by de EFA en leveret al mear as 30 jier in bestjoerslid. De lidorganisaasjes komme út 17 lidsteaten fan de EU. Op it EFA-kongres komme alle jierren sa'n 150 oant 200 minsken, wêrûnder sa'n 35 jongereinfertsjintwurdigers. Der gean dit jier 6 minsken fan de FNP nei it EFA-kongres,  wêrûnder Johannes Kramer (listlûker).  



Downloads:
Draft motion reversed burden of proof in mining issues


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer