Yn polityk Den Haag moatte se ophâlde fan tinken dat Nederlân ien regio yn de Europeeske Uny is. Dat seit Johannes Kramer, deputearre foar de Fryske Nasjonale Partij FNP yn de provinsje Fryslân. Kramer is net allinnich driuwende krêft efter de Onafhankelijke Senaatsfractie yn de Earste Keamer, mar ek aktyf Europeaan.
|
![]() |
Hy fielt him 'goed fertsjintwurdige' yn Europa, trochdat dat de Europeeske Frije Alliânsje (EFA) mei 7 leden mei de Groenen in fraksje yn it Europeesk Parlemint foarmet. Yn de EFA binne ek regionale partijen út ûnder mear Spanje, Skotlân, Wales en Letlân fertsjintwurdige. Wa't tinke mocht dat de FNP de lûken ta docht, neat mei Nederlân as gehiel en al hielendal neat mei de Europeeske Uny te krijen hawwe wol, hat it mis.
Sterker noch, Kramer is aktyf dwaande mei it befoarderjen fan gearwurking oer de grins tusken Noard-Nederlân en it noarden fan Dútslân. Dêr lizze neffens him in soad kânsen. Dat boadskip spruts hy lûd en dúdlik út yn in debat op 5 maart 2015 yn Grins oer 'Provincies en Europa' yn de oanrin nei de ferkiezings foar Provinsjale Steaten op 18 maart. Kramer debatearre dêr, op in jûn dy't belein wie troch it EU-netwurk Noard-Nederlân, mei Nienke Homan (fraksjefoarsitter en listlûker Grienlinks yn de provinsje Grinslân) en Johan Baltes (VVD'er yn Provinsjale Steaten fan Drinte en foarsitter fan DrEUN, in steatewurkgroep dy't him dwaande hâldt mei it ferbetterjen fan de kennis oer Europeesk belied foar it wurk yn de Steaten). |