NIJS   25-11-2015


FNP: aksje omkearde bewiislêst skea gas- en sâltwinning

Nije wet is der ek foar Fryslân

Wopke Veenstra 2015 lyts   

De Steatefraksje fan de FNP wol tekst en útlis oer de ynset fan de provinsje by de omkearde bewiislêst. De Twadde Keamer wol krekt as de FNP dat minsken mei skea fan gas- en sâltwinning en oare mynbouskea yn hiel Nederlân makliker in klaim yntsjinje kinne. Minister Kamp wol de omkearde bewiislêst beheine ta allinnich wenningskea yn it ierdbevingsgebiet yn Grinslân. 

 

Wopke Veenstra, FNP wurdfierder Mynbousaken

Reaksje? Mail w.veenstrafryslan.frl 

De FNP wol dat deputearre Schrier syn fyzje oer de omkearde bewiislêst jout yn de iepenbiere Steategearkomste: ‘It is moai dat it Kolleezje yn it foar al wat seit fia de parse, mar wat foar ús telt binne de antwurden yn de Steaten.' Wurdfierder Wopke Veenstra wol graach in brede útlis fan it begryp mynbouskea. ‘Wy hawwe it ek oer weardefermindering fan ûnreplik guod, juridyske- en advyskosten, fermindering fan ynkomsten fan fersakke lân, derving fan wengenot ensafuorthinne.'

 

De FNP wurdfierder freget ek nei de gruttere advysrol foar gemeenten en provinsjes, dy't nei alle gedachten yn de nije Mynbouwet komt. Hy wol witte wat de relaasje fan dy advysrol is mei it mear juridyske spoar fan de omkearde bewiislêst. Wurket de provinsje no ek gear mei de gemeenten, it Wetterskip en de oare provinsjes? Wurdt it aanst better foar de ynwenners fan Fryslân en lestiger foar de machtige mynboumaatskippijen sa as de NAM?

 

 



Downloads:
Mûnlinge fragen omkearde bewiislest


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer