NIJS   18-04-2015


FNP moasje: ekstra middels foar biologyske lânbou yn Europa

Unanime stipe foar FNP op EFA-kongres yn Dútslân

 Sybren Posthumus 2015 lyts  

De fraksje fan Europarlemintspartij EFA sil ekstra prioriteit en middels freegje foar biologyske lânbou yn it nije Mienskiplike Europeeske Lânboubelied (GLB). In FNP moasje dêrta is unanym oannommen op de Algemiene Gearkomste fan de Europeeske regionale partijen yn Bautzen, Dútslân. In soartgelikense moasje fan de FNP is okkerdeis al oannommen op provinsjaal nivo yn Fryslân.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

 

De FNP wiist yn de moasje op de fergrieningsferplichtingen dy't de lidsteaten fan de EU oangien binne. Ekology, biodiversiteit en befoardering fan duorsume produksje binne hjirby it doel. Neffens de partij leverje biologyske boeren útsoarte in bydrage oan dizze doelen. Lykwols as it op fergoedingen oankomt, krijt de biologyske lânbou gjin streekje foar.

 

Troch de moasje fia de EFA wol de FNP no alles yn it wurk stelle om de biologsyke lânbou ekstra te beleanjen yn it ramt fan de Europeeske fergrieningsdoelen. Dit soe it útgongspunt wurde moatte fan wet- en regeljouwing fan de EU-lidsteaten, dielsteaten en provinsjes. It stiet de lidsteaten frij om ekstra jild te jaan fia de saneamde ‘directe betalingen' oan biologyske boeren. Troch syn EFA / Groenen fraksje yn it Europeesk parlemint sil de FNP no besykje dit heger op de nasjonale en Europeeske aginda te krijen.



Downloads:
EFA motion biologische landbouw


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer