NIJS   19-04-2015


FNP moasje bringt omkearde bewiislêst mynbouskea nei Europa

Unanime stipe fan regionale partijen op EFA-kongres

 Sybren Posthumus 2015 lyts  

De fraksje fan Europarlemintspartij EFA sil de omkearde bewiislêst by mynbouskea oan de oarder stelle yn it Europeesk parlemint. In FNP moasje dêrta is unanym oannommen op de Algemiene Gearkomste fan de Europeekske regionale partijen yn Bautzen, Dútslân. De FNP striidt al desennia lang foar de omkearde bewiislêst en is dêrom wiis mei it slagjen fan de moasje. It punt is aktueel yn de Twadde Keamer troch de ierdbevings yn Grinslân.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

 

Faak is it bewiis by mynbouskea hiel yngewikkeld, kostber en burokratysk. Boppedat is de kâns dat jo wat weromkrije hiel lyts. Dêrom wol de FNP dat de juridyske bewiislêst by de feroarsaker fan de skea komt te lizzen,faak de grutte mynboumaatskippijen. Fierder wol de FNP dat dat Europeesk regele wurdt, sadat alle boargers en bedriuwen op deselde wize behannele wurde. De moasje slút oan op in eardere resolúsje fan de FNP op it EFA-kongres yn 2012, dy't mear oer de neidielkompensaasje gong en in reedlik part fan de opbringsten foar de regio's dêr't de delfstoffen wûn wurde. 

  

It EFA-kongres is fan 16 oant en mei 19 april 2015 yn de stêd Bautzen/Budisyn. It is dit jier by de Sorben, in Slavyske minderheid yn Dútslân. De Sorben wenje yn de Lausitz, in gebiet tusken Dresden, Poalen en Tsjechië. De Sorbyske minderheid is offisjeel erkend yn Dútslân en telt sa'n 60.000 minsken. Skea troch mynbou is by de Sorben in hiel grut probleem. Hiele doarpen wurde sloopt en fan de kaart fage foar de winning fan brúnkoal. It giet om iepen minen fan tsientallen km2. Der is in soad ferset tsjin en by in ekskurzje sille de FNP'ers mei eigen eagen sjen wat de gefolgen binne fan de brúnkoalwinning. 

 

De Europarlemintspartij EFA (European Free Alliance, http://www.e-f-a.org/) is in partij dy't mei 12 minsken yn it Europeesk parlemint sit. De EFA is mei de Greens (EFA/Greens) de 4e partij yn it Europeesk parlemint. De FNP is mei 40 oare partijen út hiel Europa oansletten by de EFA en leveret al mear as 30 jier in bestjoerslid. De lidorganisaasjes komme út 17 lidsteaten fan de EU. Op it EFA-kongres komme alle jierren sa'n 150 oant 200 minsken, wêrûnder sa'n 35 jongereinfertsjintwurdigers. Der gean dit jier binne 4 minsken fan de FNP nei it EFA-kongres,  wêrûnder deputearre en listlûker Johannes Kramer. 



Downloads:
Motie omgekeerde bewijslast


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer