Ofrûne snein, 13 desimber 2015, hat op Corsica de koälysje foar autonomy en ûnôfhinklikheid in grutte oerwinning behelle yn de regionale ferkiezingen. Sy hawwe hast in ferdûbeling fan de stimmen krigen tusken de twa stimrûntes, en dêrmei 24 fan de 51 sitten yn it Corsicaans parlemint binnensleept, in histoarysk sukses. |
![]() |
Underdiel fan de koälysje is ús susterpartij de PNC, U Partitu di a Nazione Corsa, lid fan de Europeeske Frije Alliânsje. De FNP wol de PNC fansels lokwinskje mei dizze geweldige útslach. Wy hoopje dat der no mear each komt foar de fraach om mear autonomy op Corsica.
It is dúdlik dat de Corsicanen der op stean om mear rjochten foar Corsica ôf te twingen. De PNC wol mear demokrasy op Corsica. Se wolle it parlemint mear foech jaan, en mear respekt foar de Corsicaanske taal dy't gjin offisjele status hat op it stuit. Mei it resultaat fan 13 desimber is it helder dat Corsica foarút wol.
Yn april 2016 is de algemiene ledegearkomste fan de Europeeske partij EFA op Corsica. Dêr sil de FNP ek fertsjinwurdige wêze. De FNP winsket de PNC en de Corsicanen lok mei harren striid foar mear en bettere rjochten. Fan ûnderen op en foarút! |