![]() |
Lokaasje en tema's tefolle 'ivoaren toer' Amsterdam
Ljouwert - It Nederlânsk foarsitterskip fan de EU yn 2016 driget fierstentefolle út in Amsterdamske ivoaren toer te kommen. Dat fynt de Steatefraksje fan de FNP. Sawol de lokaasje (alles spilet him ôf op mar 2 plakken yn Amsterdam) as de tema's binne bot op de Rânestêd rjochte en folle minder op de regio's dêromhinne. Dat hie oars kinnen én moatten.
Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.frl
|
Wat it plak oangiet fan alle byienkomsten, dat is beheind ta Amsterdam. Yn it ‘Marine Etablissement' binne sa'n 150 ynformele, amtlike oerlizzen pland. Dêrneist binne der sa'n 10 oant 13 saneamde ‘Ministeriële rieden' yn it neistlizzende Skipfeartmuseum. De organisaasje jout sels ek ta dat yn it ferline de byienkomsten wol op mear lokaasjes wienen, mar dat no alles yn Amsterdam konsintrearre wêze sil. Neffens de FNP in miste kâns.
Oare EU-toppen hawwe ek wol yn oare plakken west as de haadstêd, bygelyks yn Milaan, Barselona, Cardiff en Edinburgh. It gehiel krijt no it karakter fan in ‘ivoaren toer': yn Amsterdam wurdt alles foar en oer de minsken betocht, sûnder mei de minsken yn it lân sels praat te hawwen. Dat nettsjinsteande moaie wurden as ‘Europe by people', ‘showcasing the country', ‘focused on concrete initiatives' ensfh.
Yn it ferline hawwe der ek wol byienkomsten fan de EU yn Fryslân west, bygelyks oer lânbou. Lykwols it ûnderwerp lânbou komt no hielendal net foar yn it programma, lykas oare foar Fryslân wichtige ûnderwerpen as breedbân, rekreaasje en toerisme, krimp en leefberheid fan it plattelân. Tema's dy't trouwens foar folle mear ferlykbere regio's yn de EU fan belang binne. Dêrtsjinyn stiet ‘Urban affairs' wol op de wurklist, wat troch polityk-Den Haach mei klam nei foaren skood is.
De kânsen om op lokaasje, yn Fryslân of yn oare provinsjes, in wurkbesite te bringen, binne der oars perfoarst wol. Bygelyks de rol en know-how fan it MKB, in ‘High level meeting on the potential of North Sea regional cooperation' of in byienkomst/wurkbesite mei goede praktykfoarbylden oer natuerynklusive lânbou. Dat ek mei it each op it nije Europeesk lânboubelied, dat no krekt hifke wurdt.