Wêrom is der in referindum ?
Yn 'e maitiid fan 2016 wurdt yn Nederlân in referindum hâlden oer de assosjaasje-oerienkomst tusken de EU en Oekraïne. Troch sa'n ferdrach soe de hannel mei de Oekraïne makliker wurde, is it foarnaamste argumint om dy oerienkomst yn te stellen.
De FNP is foar mear direkte demokrasy. Dat wol sizze de boargers mear by wichtige besluten te belûken. In referindum kin in goed ynstrumint wêze om de ynwenners útsprekke te litten oer beskate saken. It is de inisjatyfnimmers fan dit referindum slagge om yn koarte tiid 427.000 hantekens te sammeljen en dat wie rom foldwaande om it trochgean te litten.
De eftergrûn leit yn it feit dat per 1 july 2015 de Wet 'Raadgevend referendum' oannommen is. Dy wet jout oan dat de regearing ferplichte is om in referindum te hâlden as mear as 300.000 boargers dêrom freegje. It is de webside 'GeenStijl', letter oanfolle mei 'Burgercomité EU' en ek 'Forum voor Democratie', fia in ynternetpetysje dus slagge om mear as 300.000 digitale fersiken binnen te heljen. Dêrom hat it regear foar 6 april oansteande it earste referindum neffens de nije referindum-wet oer ûndersteande fraach útskreaun.
Eardere referinda dêr't Friezen harren útsprekke koenen wie oer de plannen mei it Saailân (spesifyk de gemeente Ljouwert) en de Europeeske grûnwet. Mar wêr giet dit referindum oer? It referindum oer de Ukraine giet op gjin inkelde wize oer it al as net opnimmen fan de Oekraïne yn de EU ek al wurdt dat hjir en der al suggerearre. It referindum giet inkeld oer ûndersteande fraach:
"Bent u voor of tegen de wet tot goedkeuring van de Associatieovereenkomst tussen de Europese Unie en Oekraïne?"
In assosjaasje-ferdrach is in hannelsferdrach. It oangeande ferdrach is al goedkard troch de Earste en Twadde Keamer. De OSF hat oertsjûge foar stimd, mar senator Ten Hoeve hat al oanjûn dat rekken hâlden wurde moat mei de etnyske loyaliteiten nei Ruslân ta. Dêrby moatte mooglik formele, soms manipulative grinzen trochbrutsen wurde.
Op Europeesk nivo hat de EFA ek foar stimd, alhoewol't de fraksje reserves hat oangeande de herfoarmings dy't it regear fan de Oekraïne no en yn de takomst trochfiere moat. It lân sil neffens de EFA mear ynspannings ferrjochtsje moatte om ferkiezingswetten te feroarjen, anty-korrupsje maatregels te nimmen en it justysjesysteem te ferbetterjen. De EFA yn it Europeesk parlemint is fan betinken dat ek de foardielen fan dizze oerienkomst kommunisearre wurde moatte. Dan giet it om mear stabiliteit foar de befolking, mear herfoarmings op it mêd fan minskerjochten en bettere relaasjes mei de EU.
Wat fynt de FNP hjirfan ?
As FNP binne we kritysk op Den Haach en de politike en populistyske spultsjes dy't spile wurde om dit referindum hinne. As FNP binne we perfoarst fan miening dat der noch in protte barre moat yn de Oekraïne, benammen op it mêd fan de minskerjochten en demokrasy. Foardat mear steaten har oanslute by de EU sil de EU earst sels demokratysker wurde moatte. Dy fraach is no fansels net oan ‘e oarder mei dit referindum mar spilet op ‘e eftergrûn wol mei. Mar der is yn de partij ek soarch oer in tal paragrafen yn it assosjaasjeferdrach dat Oekraïne militêre bystân ferliend wurde kin troch de EU yn gefal fan kalamiteiten. Hokker útwurking kin dat hawwe mei it frijwat anty-Russyske regear dat no oan de macht is?
It is foar Fryslân as eksportearjende regio fan grut belang dat de relaasjes mei sawol de Oekraïne as mei Ruslân goed binne. In soad boeren en bedriuwen hawwe lêst fan de sanksjes en boykots dy't der no binne. Frede en stabiliteit yn de Súdeastflank fan Europa is fan it grutste belang!
Oan de oare kant giet it no om in hannelsferdrach dat in bydrage leverje kin oan it wolwêzen fan minsken yn de Oekraïne en de demokrasy en minskerjochten. Lykwols foar oansluting by de EU is de Oekraïne mar ek de EU sels noch net ree.
Wat freegje we jimme ?
As pro-Europeeske partij wolle we net dat it referindum misbrûkt wurdt foar in anty-Europa sentimint en dêrom hawwe wy in nuansearre stânpunt. De FNP jout gjin stimadvys en wol net betutteljend oerkomme. Minsken kinne har fia tal fan (sosjale) media ynformearje litte. Us kiezers en sympatisanten binne folwoeksen genôch om sels ta in ôfwaging te kommen. Mei boppesteand artikel hawwe wy jimme in tal oerwagings jûn om yn it stimhokje ‘Ja' of ‘Nee' te stimmen. Of om miskien hielendal net te stimmen. Mar betink dêrby wol dat in opkomst fan 30% (sa'n 4 miljoen minsken) nedich is om it referindum jildich ferklearje te litten.
Sybren Posthumus (wurdfierder Europa Steatefraksje FNP)