Op it EFA-kongres, dat dit jier yn Aiacciu/Ajaccio (Korsika) holden is, hat de FNP ynstimd mei in moasje dat Europa net wer permaninte grinskontrôles by de binnengrinzen (Schengen-sône) ynfiere moat. Neffens de FNP sil in soad opûnthâld by de grinzen tige skealik wêze foar de wurkgelegenheid en it toerisme yn Fryslân. It frije ferkear fan minsken is in wichtige pylder fan Europa en dat moat net ôfskaft wurde. Fierder hat Fryslân in soad eksportearjende bedriuwen dy't krekt baat hawwe by iepen grinzen.
De EFA-leden hawwe op it kongres nochris oantrune op in mienskiplike Europeeske oplossing foar it flechtlingefraachstik en dat lannen net op eigen manneboet saken besykje te regeljen. Krekt yn dizze nuodlike tiden is earder ferlet fan mear Europeeske aksje as fan minder. Op it EFA-kongres is fierder besluten ta de akseptaasje fan 2 nije leden: de regionale partij ‘Yorkshire First' út Yorkshire (Feriene Keninkryk) en de partij fan de Hongaren út Roemenië. De FNP hat dêr fan herten mei ynstimd.
De FNP is wiis mei de werbeneaming fan Olrik Bouma, lid fan de FNP, yn it bestjoer fan de EFA. Al 35 jier leveret de FNP bestjoersleden en dat is no de kommende 3 jier ek wer sa. Dat dat gjin automatisme is, die bliken út it feit dat foar de 12 bestjoersleden mar leafst 17 kandidaten wiene.
De 8-koppige delegaasje út Fryslân wie, mei de oare EFA-leden, tongersdeitejûn ek te gast by it nije regear fan Korsika. Foar de earste kear hat Korsika sûnt begjin dit jier in regear dat foarme wurdt út fertsjintwurdigers fan de regionale Korsikaanske partij, in susterpartij fan de FNP. Op de byienkomst binne ûnder oare kontakten lein mei de presidint en ministers fan Korsika en mei regionaal ministers út Kataloanje en ferskate Europarlemintariërs. Op it EFA-kongres is konstatearre dat in soad regionale partijen yn de lift sitte en regearings-
ferantwurdlikheid nimme.
De delegaasje fan de FNP bestie ûnder oare út deputearre Johannes Kramer, EFA-bestjoerslid Olrik Bouma en de steateleden Corlienke de Jong en Sybren Posthumus.
De EFA (European Free Alliance) is in Europeeske partij mei goed 40 lidorganisaasjes út tsientallen lidsteaten yn Europa. De EFA hat 12 leden yn it Europeesk parlemint. Al sûnt de oprjochting yn 1981 is de FNP lid fan de EFA.