NIJS   09-12-2015


FNP: fluggere reparaasje spoarbrêge Ostfriesland

Stremming fan 5 jier 'te gek foar wurden'

Klaas Fokkinga 2015 lyts   

Fryslân kin net 5 jier wachtsje op de stikkene brêge by Weener yn de spoarferbining fan Ljouwert fia Grins nei Bremen en Hamburg. It Fryske provinsjebestjoer moat yn aksje komme foar in fluggere reparaasje. Dat bepleitet de FNP yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Klaas Fokkinga, FNP wurdfierder Iepenbier Ferfier 

Reaksje? Mail k.fokkingafryslan.frl

De FNP fynt it 'te gek foar wurden' dat in spoarbrêge der 5 jier út lizze moat. Is sa'n lange stremming wol reëel, en soe it net folle flugger moatte, is ien fan de fragen. De fraksje wiist der op dat de provinsje Fryslân mei Grinslân en it Ryk no krekt it spoar rjochting Oldenburg opwurdearje wol. Dat is ek fêstlein yn it Fryske Koalysjeakkoart 2015-2019. De basis foar dit belied leit yn in FNP moasje yn de Steaten fan 7 novimber 2012. ‘Wat betsjut de stikkene brêge foar dit projekt ?', sa wol de FNP witte.

 

De Steatefraksje wiist fierder op de grutte stream (ynternasjonale) reizgers dy't Ljouwert yn 2018 mei de Kulturele Haadstêd ferwachtet. De treinferbining rjochting de oare Fryslannen kin dêr eins net by mist wurde. De FNP wol dat it Kolleezje mei de oare oerheden en de belanghawwende organisaasjes lykas Arriva en de ROCOV alle war docht om de skansearre brêge sa fluch mooglik wer yn oarder te krijen.



Downloads:
FNP skriftlike fragen trein harns-hamburg
FNP moasje 2012 trein harns-hamburg
Antwurd op FNP fragen friesenbrücke


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer