NIJS   11-11-2016


FNP ferklearret him solidêr mei pro-Koerdyske HDP

Parlemintsleden opposysje oppakt

Nei oanlieding fan it oppakken troch Turkije fan de foarsitter, funksjonarissen en Parlemintsleden fan de pro-Koerdyske opposysje partij HDP komt de Steatefraksje fan de FNP mei de folgjende ferklearring:

 

"De arrestaasjes fan ferskate lieders fan de opposysjepartij HDP, dy't by de lêste parlemintsferkiezings yn Turkije mear as 10 prosint fan de stimmen krige en dêrmei miljoenen kiezers fertsjintwurdiget, is demokratysk en grûnwetlik net akseptabel.

 

Benammen de HDP hat him altyd ynsetten om in freedsume oplossing te finen mei de Turkske lieders. De Europeeske partij EFA (Europeeske Frije Alliânsje), dêr't de FNP ek by oansletten is, hat in nau kontakt mei de HDP. De EFA sit tige yn noed oer de ûntjouwings yn Turkije, wat sels einigje kin yn in boargeroarloch. No al wurde in soad Koerdyske stêden folslein fernield en is dêr feitlik in permaninte needtastân. In needtastân dy't it Turksk regear misbrûkt om noch mear sjoernalisten, politisy en kritisy te arrestearjen.

 

Sûnder de HDP, dy't brede stipe yn it Koerdysk diel fan de befolking hat en boppedat in soad stimmen krigen hat fan links-liberale Turken,sil it demokratyske proses yn Turkije en it fredesproses mei de Koerden permanint ûndermynd wurde. De aktuele eskalaasje jout oan dat it rezjym fan Erdogan net allinnich de Turkske opposysje en ûnôfhinklike parse ûnderdrukt, mar ek de rjochten fan minderheden tamtearret.

 

De ûnderhannelings mei Turkije oangeande oansluting by de EU moatte fuortendaliks stilsetten wurde en meie allinnich opnij begûn wurde as de Turkske demokrasy werom is".

 

foto arrestearre parlemintsleden

 

 

 

 

 

   

 

 

 

 

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer