De partij sil fertsjintwurdige wêze troch deputearre Johannes Kramer, de steateleden Corlienke de Jong, Klaas Fokkinga en Sybren Posthumus, EFA-bestjoerslid Olrik Bouma en lid fan de EFA-kommisje Henk de Vries. Oan it hiele EFA-kongres, sille nei ferwachting 187 minsken dielnimme.
Titel fan it kongres is ‘Silezië fertsjinnet selsbestjoer'. Dat slacht op it feit dat de susterpartij fan de FNP yn dat gebiet, Ruch Autonomii Slaska, folle mear sizzenskip foar de regio wol. Op it program stiet dan ek de neikommende workshop pland: ‘Silesia: A sustainable future for an industrial nation' (Silezië, in duorsume takomst foar in yndustriële regio').
Fierder is der in seminar oer regionale politike bewegingen, sil praat wurde oer de gefolgen fan de Brexit, oer de flechtlingekrisis, oer selsfoarsjenning op it mêd fan enerzjy en is der fansels de Algemiene ledegearkomste fan de EFA (European Free Alliance).
De Europarlemintspartij EFA is fertsjintwurdige yn it Europeesk Parlemint mei 12 sitten. De FNP is mei sa'n 40 oare partijen út Europa lid fan de EFA en sit al mear as 30 jier yn it bestjoer.