Dat sil de partij nije wike (13 april) nei foaren bringe op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP sille Europarlemintariërs fan de EFA dan oan de slach om dat realisearre te krijen.
Natuerynklusive lânbou
De moasje fan de FNP is opsteld omdat de FNP wurk meitsje wol fan in natoerynklusive lânbou. Dêr is net allinnich de ynset fan Fryslân en de boeren sels foar nedich, mar benammen ek ‘Europa' omdat de ynkommenspolityk foar de boeren foar in grut part fia ‘Brussel' rint. Mei troch de kritearia fan it lânboubelied kin bydroegen wurde oan in goed en earlik ynkommen fan de boeren, agrarysk natuerbehear, omtinken foar bioferskaat en it lânskip.It is sawol foar boeren, boargers en konsuminten fan belang dat der in lânboubelied ûntwikkele wurdt dat yn balâns is, ferantwurde is en dat goed en sûn iten produsearre wurdt.
Genetyske manipulaasje
De FNP wol fierder dat der gjin subsydzje komt foar genetyske manipulaasje. Dat heart yn de eagen fan de partij net by in ekologysk en ekonomysk duorsum lânboubelied. De boeren kinne dêrtroch ek slim ôfhinklik wurde fan inkelde grutte konserns.