Natoerynklusive lânbou
De FNP wol mei de moasje wurk meitsje fan in natoerynklusive lânbou. Dêr is net allinnich de ynset fan Fryslân en de boeren sels foar nedich, mar benammen ek fan ‘Europa'. De ynkommenspolityk foar de boeren rint foar in grut part fia ‘Brussel'. It nije EU-belied (CAP) giet yn 2020 yn. Mei troch de kritearia fan dat nije lânboubelied kin bydroegen wurde oan in goed en earlik ynkommen fan de boeren, agrarysk natuerbehear, omtinken foar bioferskaat en it lânskip. Yn de moasje stie fierder dat der gjin subsydzje komme mei foar genetyske manipulaasje.
Duorsume enerzjy
In oare moasje fan de FNP, om in ynternasjonale wurkgroep op te rjochtsjen foar duorsume enerzjy, hat it ek unanym helle. It giet der dêrby om dat ferskate regio's net it slachtoffer wurde fan bygelyks ekstreme gas- of brúnkoalwinning, mar dat regio's op eigen krêft selsfoarsjennend wurde kinne.
Europeesk ferkiezingsprogram
Fierder hat de FNP ynstimd mei it nije Europeeske ferkiezingsprogramma fan de EFA foar 2019-2024. De EFA wol in oar Europa, dat better rekken hâldt mei de ferskate regio's en de ynwenners dy't dêr libje. Op de ALG hat de FNP ek in moasje stipe foar mear demokrasy en minskerjochten yn Turkije. Tûzenen rjochters, sjoernalisten en fertsjintwurdigers fan minderheden binne oppakt, dêr moat gau in ein oan komme.