NIJS   18-12-2015


Histoaryske Steategearkomste mei Campus Fryslân

Resultaten FNP yn PS fan 16 desimber 2015

De FNP is optein oer it PS-beslút om te ynvestearjen yn de nije universitêre Campus Fryslân. Wurdfierder Corlienke de Jong hie it yn har taspraak oer in histoaryske dei.  De FNP hat al hiel lang striden foar in Fryske Universiteit. Wy ferwachtsje fan Campus Fryslân geunstige effekten op de Fryske ekonomy, in brûzjend akademysk klimaat yn Ljouwert en in bydrage tsjin de braindrain. De FNP hat in tasizzing krigen op in ûndersyk nei in Wittenskipswinkel, dêr't wy mei VVD en 50Plus in moasje foar klear lizzen hiene.

 

Krityske fragen hie de FNP oer de  oerienkomst mei Ljouwert en de RUG, en oer de namme fan it nije University College. De FNP hat ek nochris frege om stevige garânsjes foar de besteande kennisynstellings lykas Wetsus en de Fryske Akademy. Dêr kamen oer it generaal de goede antwurden op fan deputearre De Rouwe. Wol bliuwt der soarch bestean oer it realisme fan de neamde 1000 studinten. Lykwols dat is it risiko en de ferantwurdlikheid fan de RUG, sa die bliken. Alles ôfwagende  doart de FNP de ynvestearring fan 17 miljoen wol oan. Corlienke: ‘2016 wurdt in histoarysk jier foar Fryslân !'.

 

 

Gasboarrings Top en Twel

Wopke Veenstra hat út namme fan in grut tal partijen in krityske sjenswize yntsjinne op de plande gaslieding fan Vermilion yn de omjouwing fan Toppenhuzen. Lykas de gemeenteried fan Súdwest wolle PS perfoarst gjin nije boarrings mear. Der is ek wer pleite foar de omkearde bewiislêst yn de Mynbouwet.

 

Foar de ûngerêste omwenners komt der sa't it liket in 0-mjitting en in skearegeling. Lykwols steane wy as regio relatyf machteleas, want minister Kamp jout  de fergunningen ôf en giet oer it Ryksynpassingsplan. De VVD hat yn harren spagaat tusken regionale soarch en it nasjonale belied fan de VVD-minister it amendemint fan de oare partijen net stipe.

 

 

Brêgen en wetter

De Steaten hawwe fierder noch unanym besletten om troch te gean mei de ôfstânsbetsjinning fan de brêgen.  De FNP hie fia wurdfierder Klaas Fokkinga noch wol in krityske fraach oer de oanpassing fan guon gemeentlike brêgen dy't dêrta nedich is. Deputearre Kielstra (VVD) antwurde dat de Steaten yn 2014 oanjûn hawwe rûmhertich om te gean mei oanfragen fan gemeenten. Dus soe ek in djoere oanpassing foar rekken komme kinne fan de Provinsje. Lykas yn Ferwerderadiel en Dongeradiel. Wol is en bliuwt de gemeente ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de brêgen.

 

By it ûnderwerp Europeeske Kaderrjochtline Wetter hat de FNP syn soarch utere oer de terrestrische ekosystemen. In goed "grûnklimaat" is wichtich. Fokkinga hat  der op oantrune dat DS wol kontakt hâldt mei de grûneigners om te wurkjen oan dizze ekosystemen.

 

 

Begrutting 2016

Wurdfierder Finânsjes Sybren Posthumus hat der mei foar soarge dat de finansjele dekking fan it koalysjeakkoart yn 2016 net yn gefaar komt.  De opposysje hie in grut tal moasjes en amendeminten klear lizzen om te soargjen dat ferskate ûnderdielen fan it rinnende belied net trochgean soene.  Troch ienriedich optreden fan FNP, CDA, SP en VVD is dêr in stokje foar stutsen.

 

 

Foar in folslein fideoferslach fan de Steaten klik hjir.

Foar de beslutelisten en stimútslaggen klik hjir .

 

 

 



Downloads:
2015-12-16 ps tekst FNP rug-campus Fryslân


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer