![]() |
In stimulâns jaan foar duorsum boaiembehear. Dat wol steatelid Wopke Veenstra fan de FNP berikke mei skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. Kin de Provinsje in legere pachtpriis rekkenje foar boeren dy't de boaiem minder swier bewurkje?
Wopke Veenstra, FNP wurdfierder Lânbou Reaksje? Mail w.veenstrafryslan.frl |
De FNP pleitet al lang foar mear biologyske lânbou. Resinte fragen yn de Twadde Keamer oer weromrinnende boaiemfruchtberens yn Flevolân binne oanlieding om nei de situaasje yn Fryslân te freegjen. Wopke Veenstra: ‘Langjierrige monokultueren, swiere masinen dy't mei djipploegjen de boaiemstruktuer oantaaste, mestynjeksje en tefolle gemyske middels lizze as oarsaak ûnder de weromrinnende boaiemfruchtberens.'
Veenstra wol witte oft it ek yn Fryslân mooglik is om binnen it provinsjale belied in stimulâns te jaan foar duorsum boaiembehear. Lykas mei de pachtkontrakten fan Domeinen yn Flevolân. It soe dan ek mooglik wêze moatte om in legere pachtpriis foar provinsjale saneamde BBL grûn te rekkenjen. De betingst is dan dat de pachter biologyske lânbou tapast mei wikselkultuer fan ferskate gewaaksen, minder swiere boaiembewurking, natuerlike dong en regionale kringloop.