NIJS   04-02-2016


FNP wurkbesite soarchsintrum Spiker Ternaard

Fotoferslach: Steatefraksje en FNP Dongeradiel op lokaasje

Woansdei 3 febrewaris 2016 wiene 10 leden fan de Steatefraksje en de riedsfraksje fan Dongeradiel fan de FNP op wurkbesite yn âldereintehús Spiker yn Ternaard.

 

FNP wurkbesite Spiker 01 

De FNP-ers lieten har troch regiomanager Nely van der Sluis fan de Kwadrantgroep byprate oer de feroaringen sûnt in foarige wurkbesite. It gong oer de takomstplannen foar de âldereinsoarch. De folksfertsjintwurdigers lieten merke dat hja tige ynteressearre binne yn de ûntwikkelingen yn de âldereinsoarch yn it algemien, mar ek wat dit foar in regio lykas Ternaard en omkriten betsjut. Ek de Werkgroep Ouderenzorg Ternaard wie fertsjintwurdige by de wurkbesite.

 

FNP wurkbesite Spiker 02 

It oerlis wie in ferfolch op de eardere wurkbesite fan de FNP oan Spiker yn novimber 2014 doe't de lokaasje faai stie en de âldereinsoarch yn Ternaard ferdwine soe. Underwilens is der in soad feroare.

 

FNP wurkbesite Spiker 03 

Ofrûne simmer hat Pasana Ouderenzorg in trochstart makke ûnder de flagge fan de KwadrantGroep. Dizze organisaasje fielt him as ien fan de grutste soarchferlieners yn de provinsje Fryslân ferantwurdlik foar it behâld fan âldereinsoarch tichtby de minsken, dus ek op it plattelân en op de eilannen.

  

FNP wurkbesite Spiker 04 

Op dit stuit is de KwadrantGroep dan ek yn petear mei ûnder oaren de gemeente en de wenningstifting om meiinoar in takomstbestendige foarm fan âldereinsoarch foar de regio te ûntwikkeljen.

 

FNP wurkbesite Spiker 06 

In wichtich ûnderdiel fan it takomstplan is it datearre gebou dêr't Spiker yn sit. Sa lang as der oan it plan wurke wurdt, bliuwe yn Spiker 45 plakken beskikber foar bewenners en binne nije bewenners fan herten wolkom.

   

FNP Wurkbesite Spiker 05 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer