![]() |
De politike aksje tsjin de REC boazet noch fierder oan. Mei in moasje yn ferskate gemeenten wol de FNP de druk op de oandielhâlders fan de REC / Omrin maksimaal opfiere. De aksje giet yn oparbeidzjen mei de SP, GrienLinks en D66. Doel is om de wethâlders, as oandielhâlders fan Omrin, in dúdlik boadskip mei te jaan foar de ekstra oandielhâldersfergadering ein dizze wike.
Wopke Veenstra, FNP wurdfierder Miljeu Reaksje? Mail w.veenstrafryslan.frl |
De FNP wol maatregels binnen de organisaasje fan de REC / Omrin foar de sûnens fan de omwenners. Dit past by de passaazje út it ferkiezingsprogramma 2015-2019 wêryn de partij steld hat: ‘De útstjit fan de ôffaloven REC yn Harns wolle wy kritysk folgjen bliuwe'. FNP fraksjes yn û.o. It Hearrenfean, Achtkarspelen, Frjentsjerteradiel, Ljouwert en De Fryske Marren komme no yn aksje. Ek de fraksje fan de Frije Bilkerts op It Bildt wol mei in moasje komme.
De aktuele ynformaasje nei it ynsidint mei de dioxine-útstjit wiist der neffens wurdfierder Wopke Veenstra op dat de REC dingen net goed regele hat. It formele ferwar fan de direksje fan de REC, dat hja nettsjinsteande it ynsidint yn oktober binnen de jiergrinzen fan de fergunning bliuwe, docht hjir neffens him neat oan ôf.
Veenstra hat syn partijgenoaten fan de FNP yn alle riedsfraksjes frege om de wethâlders yn harren gemeenten hjir op oan te sprekken. Der soene ferbetteringen yn de technyk fan de REC, de bedriuwsfiering en de protokollen by kalamiteiten komme moatte sa dat der gjin gefaar foar de omwenjenden wêze kin. De FNP tinkt dat fragen fan de oandielhâlders better wurkje sille as allinnich it formele hanthavenings- en boetetrajekt dat troch FUMO en Provinsje no yn gong set is.