NIJS   16-02-2016


Burokrasy by Kulturele Haadstêd 2018

Kulturele organisaasjes driigje de handoek yn'e ring te smiten mei KH2018. Inisjatyfnimmers wurde konfrontearre mei beslútfoarming dyt hieltyd mar foarútskood wurdt. Se moatte ekstra fragelisten ynfolje en sa't it liket oan hieltyd nije kritearia foldwaan.

"Organisaasjes wachtsje op beslút " (Corlienke de Jong oer LF2018)

Dat wurdt as ‘burokrasy' sjoen en it ropt frustraasje op. De Steatefraksje fan de FNP hat noed oer de ûndúdlikens en stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes.   

 

It is net foar it earst dat der fragen binne oer de omgong mei projektoanfragen fan Kulturele Haadstêd. Neffens FNP wurdfierder Corlienke de Jong liket it krekt as is der sûnt fergelykbere fragen yn septimber 2014 noch neat feroare. Se wol dúdlikens fan de deputearre oft it kloppet dat ferskate organisaasjes noch hieltyd sitte te wachtsjen op in beslút oer harren projekt: ‘Kloppet it dat, as dy dúdlikens útbliuwt, guon organisaasjes de handoek yn'e ring smite?'

 

De Jong wol fierder witte oft it Kolleezje ek sjocht dat dúdlikens fan de kant fan KH2018 of de Provinsje foar kulturele organisaasjes needsaaklik is om ek by oare fûnsen oanklopje te kinnen. Se freget it Kolleezje om de inisjatyfnimmers belutsen te hâlden en it buro fan KH2018 efter de broek te sitten om op koarte termyn dúdlikens te jaan.  Se wol ek dúdlikens oer it kritykpunt fan de burokrasy: ‘Kloppet dy krityk en wat docht it Kolleezje dêr oan?'.  



Downloads:
FNP fragen burokrasy kh2018
Antwurd op FNP fragen burokrasy kh2018


Tags: kulturiele haadsted

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer