NIJS   06-12-2018


FNP docht mei oan aksje tsjin gaswinning lytse fjilden

De FNP sil nije wike tongersdei 13 desimber yn de stêd Grins meidwaan oan it protest tsjin de gaswinning yn lytse fjilden. It protest fynt plak tusken 12.00 en 14.00 oere op it Guyotplein, foar de rjochtbank fan Grins.

"De FNP lit Fryslân nea sakje" (Us partij is oanwêzich by protest tsjin gaswinning)

In delegaasje fan de FNP is oanwêzich om stipe te jaan oan bewenners en aksjegroepen dy't opkomme tsjin de negative gefolgen fan it winnen fan gas yn de ûndergrûn, lykas boaiemdelgong.

  

Direkte oanlieding foar it protest is in rjochtssaak tusken de gemeente Opsterlân en it bedriuw Vermilion, earder dy deis. De rjochtssaak giet oer in proefboarring nei gas by Nij Beets. Der is grut maatskiplik ferset tsjin dy boarring, ûnder oare fan aksjegroep ‘Tsjingas'.

 

De FNP stipet Tsjingas en de ynwenners fan Opsterlân yn harren striid. Neffens de FNP moat der net mear, mar krekt minder gas wûn wurde. Op termyn moatte én kinne wy sûnder gaswinning yn Fryslân. Dêr binne ek foldwaande alternativen foar, sa hat de TU Twente foar de FNP berekkene yn in wittenskiplik ûndersyk. Lykas sinne-enerzjy, ierdwaarmte en wynmoles op de Noardsee.

 

It kin neffens de FNP net sa wêze dat mei de ôfbou fan gaswinning út it Grinzer fjild no mear wûn wurdt yn de lytse fjilden, lykas dy fan Nij Beets en oare plakken yn Fryslân. De partij sil dêrom oanwêzich wêze mei in spandoek: ‘De FNP lit Fryslân nea sakje'.



Tags: Gas- en saltboarings

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer