![]() |
Lanlike ynfloed regionale partijen
Klik hjir nei de fisy en missy fan de OSF. Klik hjir nei it pamflet Terug naar de menselijke Maat fan de OSF |
FNP yn OSF bestjoer en Wittenskiplik Buro
De FNP is al fan it begjin yn 1995 ôf belutsen by Bestjoer en Wittenskiplik Buro fan de OSF.
Sûnt 2007 leveret de FNP de foarsitter fan de OSF.
![]() |
![]() |
Durk Stoker
|
Hindrik ten Hoeve
Ekonoom. Is op dit stuit foarsitter fan it Wittenskiplik Buro fan de OSF. |
Missy en fisy fan de OSF
De kwaliteit fan libjen yn en om doarp en stêd is it útgongspunt foar ús dwaan en litten. Der is gjin ideology, gjin bining mei hokker politike streaming dan ek: lokale begjinsels binne liedend. Op nasjonaal nivo wurdt dêr mar al te maklik oer hinne wâlde. Gemeentlike weryndielingen, anneksaasjes en grutskalige projekten as de Betuwerûte wurde fan boppe ôf oplein. Sûnder respekt wurde lokale mienskippen út it lykwicht helle of fernield. Sokke polityk rint út op in ûnfeilige, ûnwerkenbere, ûnbewenber wurdende mienskip dy't as los sân oan elkoar hinget. Jo taastbere regionale belang is ynspiraasjeboarne foar ús hanneljen yn de nasjonale polityk.
OSF foar ûnôfhinklike provinsjale polityk
De OSF - Onafhankelijke SenaatsFractie - is de feriening foar ûnôfhinklike provinsjale polityk.
Provinsjale ûnôfhinklike partijen wurkje hjir yn gear. De OSF makket him sterk foar polityk op pleatslik nivo: pleatslike partijen foar de gemeenterieden, lanlike foar lanlike polityk en yn de Steaten fan de Provinsjes de provinsjale partijen. De partijen yn de OSF wolle troch it dielen fan ideeën en it dwaan fan ûndersyk en projekten sterker wurde. Better by steat om op te kommen foar de belangen fan de ynwenners fan harren provinsje.
Mear fasiliteiten foar ûnôfhinklike partijen troch de OSF
De "Onafhankelijke Senaatsfractie" is sûnt 1995 (earst als Regionalen/De Groenen) yn de Earste Keamer fertsjintwurdige, fia senator Marten Bierman (1995-2003), en fan 2003 oant en mei 2011 troch FNP-er Hindrik Ten Hoeve. Fan 2011 oant 2015 naam Kees de Lange de sit yn. Sûnt 9 juny 2015 is Ten Hoeve op'e nij de OSF senator. Fan 2007 ôf hat de FNP ek it foarsitterskip fan de OSF. In wichtich OSF-súkses foar de ûnôfhinklike beweging is dat op inisjatyf fan ús fraksje yn de Earste Keamer (doetiidsk senator Bierman) de fasiliteiten foar de OSF deselde wurden binne as dy fan partijen dy't yn de Twadde Keamer sitte.
Wittenskiplik buro en radio / TV stjoertiid
Yn de praktyk betsjut dit dat der sûnt in tal jierren subsydzje is foar wittenskiplik ûndersyk en oplieding fan de oansluten regionale partijen. Lyksa is der troch it krewearjen fan de OSF- fraksje tillevysje- en radio stjoertiid kommen: de OSF docht mei oan de stjoertiid foar politike partijen by de publike omrop. De OSF stelt dizze stjoertiid beskikber foar oansluten regionale partijen.
download: Fisy en missy fan de OSF