NIJS   22-02-2016


FNP: ûndersyk farwei Drachten breder besjen

Amendemint yn Steaten fan 24 febrewaris 2016

Klaas Fokkinga 2015 lyts   

De FNP komt mei in útstel yn de Steaten om de plannen foar in nije farwei nei Drachten breder te lûken. Neffens de partij kinne PS pas in beslút nimme as der in romtlik-ekonomyske analyze leit fan de ûntwikkeling fan alle beropsfarwegen en wiete bedriuweterreinen yn de regio. It amendemint fan de FNP krijt op foarhân stipe fan CDA en VVD.        

 

Klaas Fokkinga, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier    

Reaksje? Mail k.fokkingafryslan.frl

De FNP wol net dat der aanst djoere besluten falle oer in farwei Drachten sûnder brede yntegrale ôfwaging mei de rest fan Fryslân. In bredere yntegrale ôfwaging ‘mei in plus' is net mooglik op basis fan allinnich de planstúdzjes dy't it Kolleezje no freget, stelt FNP wurdfierder Klaas Fokkinga. ‘Oare ûndersiken nei de farwei Akkrum-It Hearrenfean en it Van Harinxmakanaal rinne ek noch.'

 

Fokkinga: ‘Wat komt dêr aanst út? Wy witte wol dat it meastentiids om hiel djoere maatregels giet dy't faaks hiel bot yngripe kinne yn it lânskip. Tagelyk wurde de skippen hieltyd grutter en wolle wy Fryslân graach oansluten hâlde by de Europeeske haadynfrastruktuer. Wy wolle al dat it konflikt tusken it beropsferkear, de rekreaasje en de natuerwearden by de besteande farwei troch de Alde Feanen oplost wurdt.'

 

Wat de farwei nei Drachten oangiet wol de FNP dat de gefolgen fan de 0-opsje (neat dwaan) ek yn breder regionaal ekonomysk perspektyf set wurde. De mooglikheid fan it ferhúzjen fan inkelde bedriuwen dy't folslein fan ferfier oer it wetter ôfhinklik binne, is neffens Fokkinga net serieus ûndersocht. ‘Op oare plakken lykas Skûlenboarch-Westkern ynvestearje wy no krekt yn in wiet bedriuweterrein oan it PM-kanaal. Dat is ek regionale ekonomy dy't jo yn it hiele plaatsje meinimme moatte.'

 

 

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer