Farwei Drachten
FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier Klaas Fokkinga hie sukses mei in útstel yn de Steaten om de plannen foar in nije farwei nei Drachten breder te lûken. Neffens de partij kinne PS pas in beslút nimme as der in romtlik-ekonomyske analyze leit fan de ûntwikkeling fan alle beropsfarwegen en wiete bedriuweterreinen yn de regio. It amendemint fan de FNP krige stipe fan hast alle partijen: allinnich ChristenUnie en PVV wiene derop tsjin.
Akwadukt Drachtsterwei
Klaas Fokkinga stelde fierder mûnlinge fragen oer de problemen mei it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert. Deputearre Poepjes antwurde dat fierder gefaar foar it ferkear en de omjouwing ‘in kardinaal ijkpunt' binne foar de Provinsje. It wie net de earste kear: Fokkinga hie yn 2015 al twa kear earder sokke fragen steld.
Fries Museum
Corlienke de Jong gie yn har bydrage yn op de fraach fan it Fries Museum om ekstra jild fan de Provinsje. De FNP hat yn it ferline syn stipe jûn oan de nijbou fan it museum en it nije depot. Mei dêrtroch hawwe der al twa jier mear as 100.000 besikers west en stiet der wat dat besjen lije kin. De provinsje jout ek in miljoen foar saneamde 'blockbusters' lykas de grutte ynternasjonale Alma Tadema-útstalling letter dit jier. Lykwols: allinnich it Fries Museum wer in jierlikse yndeksearring fan de subsydzjes takenne is gjin opsje. Dan soene alle oare ynstellingen mei in jierlikse budzjetsubsydzje daliks op 'e stoepe stean. De FNP soe leaver ûndersykje oft it mooglik is om de hiele provinsjale begrutting foar Taal en Kultuer nochris op te heegjen. Dat sil noch in dreech kerwei wurde; dan sil der earne oars besunige wurde moatte.
Belestingfrije sônen
De earste trije jier belestingfrij in bedriuw opsette yn Noardwest-, Noardeast- of Súdeast-Fryslân. Mei dat útstel hie Sybren Posthumus wakker sukses yn de Steaten. Op inisjatyf fan de FNP sil de Provinsje neigean wat dêr de mooglikheden ta binne. Dat is yn de Steaten besletten mei in royale mearderheid fan FNP, CDA, PvdA, SP, VVD, 50plus, FPP, PvdD en GrienLinks.
De FNP wol mei de oare partijen dat it plattelân fan Fryslân leefber bliuwt. Mei breedbânynternet, coaching fan startende ûndernimmers troch lju dy't yn it sâlt bebiten binne en de earste trije jier frijstelling fan belesting wolle de Steaten de krimpgebieten in ympuls jaan. Der binne al ferskate suksesfolle ‘belestingfrije sônen' yn de EU, lykas yn Shannon (Ierlân) en beskate regio's yn de Baltyske steaten.
De ôffaloven fan Omrin
Klaas Fokkinga referearre yn it debat oer de REC yn Harns oan de somtiden ‘hystearyske foarmen' dy't de iepenbiere diskusje oer de REC oannimt. De FNP fynt it tige spitich dat it blykber net mooglik is dat saneamde saakkundigen mei ienriedige konklúzjes en oanbefellingen komme. It betrouwen by de befolking is skeind. De REC sil hurd wurkje moatte om it betrouwen werom te winnen. Underwilens wol de FNP dat de technyk fan de REC, de bedriuwsfiering en de kommunikaasje ferbettere wurdt.
Yn de wiken foarôfgeand oan it debat hie de FNP oan syn riedsleden frege om de wethâlders as oandielhâlders fan Omrin oan te sprekken op de REC. Dizze aksje yn oparbeidzjen mei SP, Grienlinks en D66 hat laat ta ferskate moasjes en brieven yn de rieden, dêr't de oandielhâlders mei op'en paad stjoerd binne. Mei stipe fan de FNP is in moasje oannommen dy't freget om yn alle gefallen de skoarstien fan de REC heger te meitsjen. Dêr wurdt fan ferwachte dat it liede sil ta minder delslach fan skealike stoffen yn de direkte omjouwing.