NIJS   11-03-2016


Fakatuere fraksjemeiwurker

Per 1 maaie 2016 by de FNP op it Provinsjehûs

Reagearje foar 25 maart 2016

 

De FNP-Steatefraksje siket mei yngong fan 1 maaie 2016 in betûfte en entûsjaste fraksjemeiwurker.

Wolsto in boeiende baan yn in dynamyske wurkomjouwing, bisto ynteressearre yn de Fryske polityk en yn it wurk fan de Fryske Steatefraksje en hast boppedat in Frysk hert? Dan is dit miskien wol de baan foar dy!

 

De FNP-Steatefraksje siket in fleksibel en betûft persoan dy't selsstannich wurkje kin en wit wat der polityk spilet. Kreativiteit, selsstannigens en betrouberens binne foar ús tige wichtige kompetinsjes foar de nije meiwurker.

 

Wurkplak:

It wurkplak is de fraksjekeamer op it provinsjehûs yn Ljouwert. Mar de funksje is sadanich dat der ek in protte thúswurke wurde kin. De direkte oanstjoering wurdt dien troch de fraksjefoarsitter.

 

Funksjeynhâld:

Sekretariële wurksumheden (wurklist fraksje opstelle, notulearje en útwurkje fan fraksjegearkomsten en ôfhanneling fan korrespondinsje);

organisearret gearkomsten en oare aktiviteiten foar de fraksje;

argyfwurksumheden (nijs út de kranten, digitaal argivearje ensfh.).

 

Funksje-easken:

-          Minimaal mbû-/hafû-nivo;

-          Underfining mei it (digitaal) notulearjen fan gearkomsten;

-          Goed Frysk yn wurd en skrift;

-          Niget oan en feardich mei kompjûters: behear e-mail fan de fraksje, ûnderfining mei digitale argivearring (SharePoint), Office.

 

Bykommende easken:

-          Eigen ferfier;

-          Reewilligens om yn jûntiid of wykein te wurkjen;

-          Ree om bykommend wurk te dwaan;

-          Underskriuwt de útgongspunten fan de FNP.

 

De funksje beslacht 24 oeren wyks (salarisyndikaasje € 1600 smoarch yn 'e moanne).

De oanstelling is yn prinsipe bûn oan de steateperioade (maart 2019) en sil earst mei in proeftiid fan 2 moanne úteinsette.

 

Proseduere:

Sprekt boppesteande baan dy oan, dan sjogge we dyn sollisitaasjebrief en CV graach foar 25 maart 2016 yn 'e mjitte fia e-mailadres fnpfryslan.frl. De sollisitaasjepetearen binne pland op woansdei 6 april.

 

Foar fragen kin kontakt opnommen wurde mei Corlienke de Jong (fraksjefoarsitter), 06 - 220 190 66.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer