NIJS 17-08-2015
CO2-fûnis Urgenda foar feangreidegebiet
Urgenda hat okkerdeis gelyk krigen fan de rjochter yn harren saak tsjin de Nederlânske Steat oer de CO2-útstjit. De Wetterskipsfraksje fan de FNP wol no witte wat de gefolgen fan dit fûnis binne foar it belied fan Wetterskip en Provinsje yn it feangreidegebiet. De oksidaasje fan it fean is yn ús provinsje in wichtige boarne fan CO2-útstjit. De Wetterskipsfraksje hat it punt oankaart yn de AB gearkomste fan 30 juny.
"Wat betsjut útspraak Urgenda foar it Fryske wetter?" (Jan van der Kooi oer de Urgenda-saak)
Wurdfierder Jan van der Kooi freget oan it DB en AB fan it Wetterskip nei de ekstra kosten dy't troch de útspraak fan de rjochter ûntstean kinne. Draait faaks de lânbou hjir foar op? Of de algemiene belestingbeteller? En slacht dit ek werom op de provinsjale Feangreidefisy? Van der Kooi ferget it Deistich Bestjoer om mei faasje nei te tinken oer de gefolgen foar útfiering en finânsjes foar it Wetterskip. Hy hat by it DB om in memo frege dy't oanjaan moat hoe't it Wetterskip op dizze ûntwikkeling yn tinkt te stekken.
It is mooglik de oksidaasje fan it fean en dus de ekstra útstjit fan CO2 te ferminderjen. Bygelyks troch it wetterpeil te ferheegjen yn it fean. De Europeeske Uny stelt miljoenen beskikber om ta in CO2-earme griene ekonomsyke groei te kommen. Djoere maatregels yn it feangreidegebiet soene hjir foar in part mei betelle wurde kinne. De Steatefraksje fan de FNP hat hjir yn jannewaris noch in moasje oer yntsjinne, dy't unanym oannaam is.
Tags:
Feangreide,
Wetter
MEAR OER DIT ÛNDERWERP