NIJS   02-03-2016


Soargen oer it tichtriden fan sleatten

Fragen fan de FNP-wetterskipsfraksje

De wetterskipsfraksje hat it deistich bestjoer fan it Wetterskip troch it stellen fan skriftlike fragen oansprutsen op it belied oangeande it tichtgoaien fan sleatten en slinken. Us fertsjintwurdigers Sake van der Meer en Jan van der Kooi krije sinjalen út de mienskip dat dat net goed giet.

 

Der binne soargen oer it hieltyd minder wurden fan de opfangkapasiteit foar it wetter yn de polders. Moatte de boeren by it tichtriden fan sleatten net soargje foar ferfangende wetteropslach?

 

Fierder binne der minsken dy't harren melde oer de ferrommeling en oantaasting fan it lânskip. Earst by it tichtriden, wannear't der oeral bulten modder lizze. Mar ek omdat it tichtriden fan sleatten en slinken somtiden ta skea giet fan lânskiplike en kultuerhistoaryske wearden.

 

De wetterskipsfraksje wol witte hoe't it Wetterskip dêr yn belied en hanthavenjen mei omgiet. De FNP achtet beide punten, wetteropfang en kultuerlânskiplike wearden, fan grut belang.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer