NIJS   10-07-2018


Skôging mearjierre-perspektyf Wetterskip Fryslân

Yn it ramt fan de besprekking fan it Mearjierre-perspektyf 2019-2023 joech de FNP-fraksje ûndersteande skôging.

"Ús skôging op Mearjierre-perspektyf 2019-2023 " (FNP-Wetterskipsfraksje)

 

Nei ús betinken is it in goed opset stik. Alles is deryn beskreaun: Feilich – Foldwaande – Skjin, en no ek it nije fenomeen, de klimaataginda, en de sirkulêre ekonomy. De FNP-fraksje is mei it DB fan betinken dat wy wol de maatskiplike taak hawwe om de lêste beide ûnderwerpen ek in plak te jaan, hoewol’t we hoeden bliuwe moatte dat we it needsaaklike jild op in krekte wize rindemintsfol besteegje. De klimaataginda bliuwt foar de FNP dêrom ek in libben dokumint.  

 

Yn it Friesch Dagblad fan 9 july stie in haadartikel ‘Lânbou hat in takomstplan nedich. In lânbou-akkoart?’ Ik tocht, dat jildt dus ek foar ús as wetterskipsbestjoerders en -amtners dy’t de lânbou foar in grut part stypje. Kearn fan it ferhaal wie dat wy fêst sitte yn in ekonomysk systeem, dat nei de oarloch ynset is om foldwaande iten te produsearjen tsjin in reedlike kostpriis om dêr honger mei foar te kommen. De wetterskipskosten hearre ek by dy kostpriis. De boer moat in goede priis foar syn produkt krije. Ofnimmers, leveransiers, banken, konsuminten en oerheid moatte mei bewege; sy binne de optelsom om ta dat nije lânboumodel te kommen.

 

Bewege wy as wetterskip ek mei? De FNP-fraksje is fan miening dat it Mearjierre-perspektyf (MP) wol dy ambysje útstrielet. Mar hoe hâlde we dat betelber? Dêr sitte wy hjir no foar om dêr in beslút oer te nimmen. Klimaatferoaring freget maatregels en bydragen fan it wetterskip, mar dat jildt krekt likegoed foar oare groepen, lykas fleantoerisme.

 

Yn de foargeande kommisjegearkomsten hawwe wy ús al útsprutsen oer ferskate saken dy’t no ek op de wurklist steane. Tagelyk hawwe wy doe al reaksje jûn op it foarlizzende MP. Wy beheine ús yn dizze skôging ta de tekst oangeande de doelen. De FNP wie wol ferbjustere dat op it lêste momint in grutte ferheging út de bus rolle, neidat we in protte kearntaken besprutsen en beliedsdoelen fêststeld hiene. Mar sûnder genôch jild, docht no bliken. Hiene wy dat earder witten, mooglik hiene we ús ambysjes dan bysteld, of wie earst jild by it doel socht foardat de tariven omheechgiene.

 

Wy binne as AB-bestjoerders ús boargers, boeren en bedriuwen wol antwurd skuldich as se freegje hoe’t en wêrom’t de tariven ynienen gâns omheech moatte. Wy binne der net mei de ferûnderstelling dat we ferwachtsje dat der ûnwisse risiko’s binne dy’t we alfêst mar ynkalkulearje. DB en AB sille goed kommunisearje moatte mei de hiele mienskip wêr’t dat jild foar nedich is! Foar hokker doelen, saken en groepen minsken dy ferheging bedoeld is. Mei oare wurden, foar wa binne de lêsten en foar wa binne de kosten? Mar dat we tagelyk as hiele bestjoer ús ek bewust binne dat we de taakstelling wol mei-inoar helje moatte! Om te wenjen, te wurkjen en te rekreëarjen yn in goed, moai en sûn Fryslân, foar no en om dat ek goed foar ús neiteam efter te litten. Dit MP hat neffens de FNP-fraksje in protte punten yn him om dêr oan te foldwaan. Tink hjirby oan it koersdokumint.

 

Wy as bestjoerders kinne der mei-inoar wat oan dwaan as wy dat wolle! Om de boarger bewuster te meitsjen fan it wurk fan it wetterskip. Dy romte hawwe wy as bestjoerders fan ús kiezers krige. Dan sille se takomme jier it wichtich fine om in betrouber, helder en yntegraal nij wetterskipsbestjoer te kiezen. Lit ús hoopje dat de kiezers begripe wêr’t Wetterskip Fryslân foar stiet. En dat se graach jild oer hawwe foar primêre kearingen 10%, dat se witte dat genôch of te folle wetter in protte jild kostet, dat skjin noch altyd better kin en dat duorsume slykferwurking dêrom wat kostje mei. Dat klimaat en sirkulêre ekonomy gjin boartersding fan in spesjale groep is, dêr’t de minima ferhâldingsgewiis it measte foar betelje.

 

Ta beslút. Net mei alle punten is de FNP-fraksje ynnommen. Wy neame: robúste peilgebieten, it ôfsluten fan opfearten mei allinnich in besunigingsdoel, te min berging foar wetter, dêr’t wetteroerlêst troch ûntstiet, it dimpen fan hieltyd mear sleatten sûnder dúdlik hanthavenjen.

 

It FNP-program is foar in grut diel liedend foar ús fraksje. Wy begripe dat feiten faak wichtiger wêze kinne as mieningen. En dat net foar net altyd derop tsjin betsjut, mar dat in goeie dialooch better is om ta besluten te kommen.

 

FNP-fraksje

Jan van der Kooi (foarsitter) en Sake van der Meer



Tags: Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer