Op 13 maaie hat in delegaasje fan FNP Littenseradiel en de Steatefraksje in wurkbesite brocht oan it lytse ekstinsive melkfeehâlderijbedriuw fan Tjalling Rodenhuis en Nina Schaper yn Jorwert. De FNP woe har sa op de hichte bringe litte fan de utwurking yn de praktyk fan de problematyk fan de fosfaatrjochten op it bestean fan de lytse boer yn de takomst.
De melkfeehâlderij is yn de ôfrûne twa jier sterk groeid, omdat it molkkwotum yn 2015 ôfskaft is. Grutte en lytse boeren seagen mooglikheden om no it bedriuw te ûntwikkeljen. Mar om de groei fan de feesteapel te beheinen makket it Ministearje no in wetsfoarstel. Alle melkfeehâlders krije yn 2017 te meitsjen mei fosfaatrjochten. Sa't it no liket kinne de grutte en yntinsivere bedriuwen dêr makliker mei omgean as de lytse, ekstinsive melkfeebedriuwen. En wy binne as FNP krekt sa wiis mei de gesinsbedriuwen, dy't faak lytsskalich binne, de kij weidzje en rekken hâlde mei de greidefûgels.
Tjalling Rodenhuis en Nina Schaper melke op harren melkfeehâlderijbedriuw sa'n 48 kij. It fee rint de hiele simmer bûten te weidzjen. Troch de ekstensive bedriuwsfiering en it brûken fan rûge dong binne der in berch greidefûgels. Omdat Tjalling in soad rekken mei de greidefûgels hâldt binne dy de lêste jierren yn syn pleats sterk tanaam.
Doe't Tjalling it bedriuw oernaam, wie der allinnich in grupstâl foar 35 kij. Dat wie eins te lyts, mar se koene it noch krekt rêde, omdat Nina doe noch in baan bûten it bedriuw hie. Om dochs ek yn de takomst in gesinsynkommen út it bedriuw te heljen ha se in 2012 in nije stâl boud foar 65 melkkij.
It plan wie om nei it ferdwinen fan it molkekwotum troch te groeien nei 60 kij. Mar der liket no in rare kink yn de kabel te kommen troch de yntroduksje fan fosfaatrjochten. Wat dêrby foaral pleaget is dat der noch genôch romte is binnen de bedongingsnoarmen om 12 kij ekstra te melken. Mar as Tjalling mear as 48 kij hâlde wol, is hy wol ferplichte om djoere fosfaatrjochten oan te keapjen. En dêrfoar is gjin jild. Yntinsive boeren, dy't in soad foer oankeapje, kinne ekstra romte krije troch de saneamde omrinwizer ("kringloopwijzer"). Mar krekt foar boeren lykas Tjalling, dy't in soad weidzje en oan natuer en fûgelbeskerming dogge, hat de omrinwizer gjin foardiel.
Mei de foarstellen dy't der no lizze kinne yntinsive boeren frij maklik in pear kij ekstra hâlde, wylst de ekstinsive gesinsbedriuwen flink ta de bûse moatte as se útwreidzje wolle. Sy hawwe noch romte genôch foar de eigen stront en ha de problemen net feroarsake. Mar se wurde dêr no wol de dupe fan.
FNP fynt dat dizze bedriuwen net hoege te krimpen en ek net hoege te beteljen om de romte binnen it eigen bedriuw te benutten. Sa kinne ek de lytse Fryske boeren yn de takomst in bestean hawwe.