Bêste FNP'ers,
Yn Toppenhûzen is “Vermilion” fan doel gas út in lyts gasfjild te heljen. Jimme oanwêzichheid by dizze manifestaasje is winske, sa kinne wy ús stânpunt útdrage oer de gaswinning yn Fryslân en oan Den Haach witte litte dat wy soargen hawwe.
By it MFC “it Harspit”yn Toppenhûzen sille kreamkes (stands) wêze fan groepen dy’t harren soargen meitsje oer de gaswinning yn Fryslân. Tink oan “Laat Top en Twel niet zakken”, “GasTvrij Terschelling”, de Waadferiening, doarpsbelangen, mar ek politike partijen sa as de SP, PvdA, GrienLinks en ús eigen FNP.
Fan 11.00 oere ôf sille der sprekkers wêze. Om 11.45 oere geane wy mei spandoeken en muzyk nei it sammelpunt yn Toppenhûzen nei it tagongshek fan de gaswinlokaasje, om dêr in grut ferbodskrús fan 3 by 3 meter te befêstigjen oan it stek. Der is dan ek romte foar elkenien om meibrochte protestbuorden en spandoeken oan it stek te hingjen.
Neist de SP, FNP en PvdA sille grif noch mear partijen harren efterban mobilisearje. It wurdt in polityk oerstiigjende manifestaasje wêrby de politike kleur net it wichtichste is. Litte wy no mar ris dúdlik meitsje dat wy ús nocht hawwe!
Sjoch ek op de Facebookpagina LAATFRIESLANDNIETZAKKEN, “like” , en attindearje minsken op dizze pagina.
LIT JIMME SJEN, LIT FAN JIMME HEARRE!
Mei freonlike groetnis,
Wopke Veenstra, Steatelid FNP (Mynbousaken)
06-13373729