Us bern fertsjinje it om op te groeien mei de rykdom fan meartaligens. Dat stelt de Steatefraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer it meartalich ûnderwiis yn Fryslân. Sluting fan skoallen, fúzje en skaalfergrutting sette de groei fan it belied ‘fan pjutteboartersplak oant universiteit' ûnder druk.
FNP wurdfierder Corlienke de Jong wol witte wat de gefolgen binne foar it Frysk fan it fallisemint fan berneopfangbedriuw SISA. De Jong ferget de deputearre op har fyzje ten oansjen fan de trochgeande skaalfergrutting en fúzjes yn ûnderwiis en berne-opfang. Binne der ek foarbylden dat it goed wurket mei direksjes bûten Fryslân?
De FNP wol fierder witte hoe't it Kolleezje mei de eigen amtlike organisaasje foarút rint op de ûntwikkelingen fan skaalfergrutting. Is der ekstra amtlike kapasiteit nedich, moat de begeliedingsstruktuer ek oanpast wurde, sa freget De Jong.
De FNP is fan betinken dat de bern it fertsjinje om op te groeien mei de plus en de rykdom fan meartaligens. Miskien soe it dêrom better wêze om it sukses fan it meartalich ûnderwiis net langer ôf te mjitten oan it tal skoallen mar oan it tal berikte bern en harren ûntwikkeling. Yn it ferlingde dêrfan soe der ek ekstra omtinken komme moatte foar meartalige ûntwikkeling yn de stêden.