NIJS   20-06-2016


FNP: mear romte foar grûnbûn en biologysk buorkjen

Beleanje lokale kringloop fan fosfaat en oare stoffen

 
Wopke Veenstra 2015 lyts   

It nije stelsel fan fosfaatregels per 1 jannewaris 2017 mei perfoarst net ten koste gean fan de grûnbûne en biologyske boeren, sa stelt de FNP. In boer dy't syn dong op eigen grûn ferwurkje kin en de lokale en regionale kringloop fan fosfaat en oaren stoffen slutend krije kin moat krekt beleanne wurde.      

 

Wopke Veenstra, FNP wurdfierder Lânbou    

Reaksje? Mail w.veenstrafryslan.frl 

Wurdfierder Wopke Veenstra fan de FNP fernuvert him oer de nije regels dy't it Ryk oplizze wol. ‘It is net goed dat grutte bedriuwen dy't fors ynvestearre hawwe yn ekstra fee en stâlen mar net genôch eigen lân hawwe no mei dong troch de hiele provinsje en sels troch it hiele lân slepe meie. Sy krije yn feite in foarsprong boppe de lânbouwers dy't op in folle mear duorsume wize mei grûn en fosfaat omgeane.'

 

By it debat yn de Twadde Keamer yn april koe steatssekretaris Van Dam net útslute dat grûnbûne en biologyske boeren dochs de dupe wurde fan de nije regels. De saneamde generike koartingen en de presize romte soe yn juni bekend makke wurde.  De Twadde Keamer kin dêr noch by yngripe. Veenstra rekkenet dan ek op de stipe fan ferskate partijen dy't ‘grûnbûn' en biologysk buorkjen in waarm hert tadrage.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer