![]() |
Minder opstoppingen foar it ferkear oer de Ofslútdyk. Dat wol de FNP berikke mei it ynfieren fan bloktiden yn de spits foar de brêgen by Koarnwertersân en Den Oever. De Steatefraksje freget middels skriftlike fragen oan Deputearre Steaten om it idee by Rykswettersteat oan te kaarten.
Klaas Fokkinga, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier Reaksje? Mail k.fokkingafryslan.frl |
FNP wurdfierder Klaas Fokkinga wiist op it grutte ekonomyske belang dat de autoferbining oer de Ofslútdyk foar ús provinsje hat. ‘Dat Rykswettersteat de hiele dei troch de brêgen iepen draait liedt ta lange wachttiden en argewaasje. Foar de minsken dy't bedriuwsmjittich ûnderweis binne leveret soks ek ekonomyske skea op'.
Mei de slûzen oan beide siden fan de dyk is de lêste jierren gauris maleur. Regelmjittich is der in steuring en dan stiet it ferkear somtiden oeren fêst. De brêgen en slûzen sille renovearre wurde moatte troch Rykswettersteat as ferantwurdlike oerheidstsjinst.
Fokkinga wol fan deputearre Poepjes hearre wêrom it Ryk de brêgen ek yn de spits hieltyd wer iepen draait. ‘Binne der ek oare opsjes dy't ta minder hinder liede?' As mooglike oplossing rikt de FNP it ynstellen fan bloktiden oan. Sa soe it autoferkear yn de spits altyd trochride kinne. Underwilens kinne de rekreaasje-boatsjes dan de slûs ynfarre oant de kolk hielendal fol leit, en kin de slûs nei de spits wer iepen draaid wurde.