It plan is in provinsjaal koördinearre aksje. FNP-fraksjes yn gemeenterieden sille meikoarten boargemaster en wethâlders freegje om in frijstelling foar de ozb-belêsting. De FNP-wetterskipsfraksje docht dit mei de wetterskipsheffing. Frijstelling fan de twa belêstingen smyt foar in trochsnee boerebedriuw al gau 7500 euro yn it jier op.
Op wei nei 100 prosint biologysk
De FNP wol yn de takomst ta nei in 100 prosint biologyske lânbou. Neffens listlûker Johannes Kramer sil ier of let de klimaat- en miljeu-easken sadanich strang wurde dat de gongbere lânbou fanwegen de hege kostpriis net mear fol te hâlden is. Tagelyk sil de fraach wrâldwiid nei kwalitatyf heechweardige en sûne lânbouprodukten tanimme. "Boeren moatte wer beleane wurde yn stee fan straft", seit Kramer.
Fryske lânbou kin wer foarop rinne
De transysje nei mear natuer-ynklusive lânbou is mei op oanstean fan de FNP yn gong set. Kramer, sûnt acht jier deputearre natuer en lânbou, sjocht de biologyske transysje as in geweldige kâns foar Fryslân: "De Fryske lânbou hat yn ’e wrâld altyd foarop rûn. Mei in grûnbûne lânbou, mei sa min mooglik keunstdong en sûnder antybiotika, kin Frysân wer wrâldlieder wurde, mar no duorsum."
Hjirûnder de twa siden dy't de Ljouwerter Krante der sneon 26 jannewaris oer opnommen hat (klik op de siden om se te lêzen):