FNP wiis mei winst ferkiezingen

Konstruktyf opstelle oer nij kolleezje

Haadbestjoer en steatefraksje fan de FNP binne wiis mei it resultaat dat de partij juster by de steateferkiezingen helle hat. Yn al it Haachske geweld is de FNP mear as oerein bleaun. Op eigen krêft binne de fjouwer sitten beholden en in heger persintaazje as yn 2011 helle. Ek by de Wetterskipsferkiezing hat de FNP stimmen wûn.

 

De FNP sjocht mei nocht en wille werom op de ôfrûne bestjoersperioade en soe dêr graach in nije perioade yn it Fryske Kolleezje oan taheakje wolle. Neffens de FNP lizze der kânsen om troch te setten mei it besteande belied en fierder te bouwen op de behelle suksessen, lykas KH2018 en Wurkje foar Fryslân.

 

De partij stelt him dêrom konstruktyf op rjochting de kommende petearen oer it nije kolleezje.

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer