Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Noardeastfryslân: Lit Dokkum in kearnstêd bliuwe

Listlûker Bert Koonstra skriuwt yn in parseartikel dat Dokkum in kearnstêd bliuwe moat. Fan de FNP fraksje yn de Provinsjale Steaten hat wurdfierder Klaas Fokkinga in mearderheid foar syn moasje "Maatwurk foar de Regio" krigen. Bert syn tekst en de tekst fan Klaas syn moasje kinne jo hjir lêze.

Lit Dokkum in kearnstêd bliuwe

Mei fernuvering hawwe wy it koersdokumint‘Omjouwingsfyzje fan de provinsje Fryslân' lêzen. Ien fan de advizen fan deprovinsje is om Dokkum net mear yn de saneamde ‘Eredivisie' fan de Fryskestêdsregios dielnimme te litten. De Ljouwerter Krante (15 septimber)referearre hjir al oan.

It raast oan de protters. Noardeast-Fryslân hatde lêste jierren troch gearwurking de wyn aardich yn de silen.

 

Sa'n tsien jier lyn waard Dokkum ien fan de kearnregio's fan de provinsje. Noardeast-Fryslân waard útdage mei in ekonomyskefyzje te kommen en dat hat it dien. ANNO waard oprjochte, it gearwurkingsferbânfan seis gemeenten mei de provinsje. Ferskate projekten seagen it ljocht, allesfoar de berikberens en it sosjaal- ekonomysk belang foar de regioNoardeast-Fryslân. Deputearre Sjoerd Galema hie dêr wol 40 miljoen euro foaroer sei er doedestiids yn ferkiezingstiid. Dy 40 miljoen is net kaam, mar wolde helte en dat wie ek nedich om de efterstân yn te rinnen fan itfjouwer-kearnenbelied dat oant dan ta fierd waard by de provinsje.

 

Troch de Sintrale As is de berikberens ynNoardeast goed te dwaan. De digitale ynfrastruktuer hawwe wy troch KabelNoordgoed op streek. Bedriuwen florearje yn de doarpen en Dokkum fungearret as eenwichtige regiostêd yn Noardeast- Fryslân. Fierder lûkt it toerisme en debousektor yn ús regio wer aardich oan. Der is wer sprake fan optimisme. Noardeasthat bewiisd dat it mei ynnovaasje, krêft en gearwurking in soad berikt hat, marwy binne der noch net. As wy sjogge nei al dy saken dy't no noch op stapelsteane, de regiodeal dêr't 44 partijen harren meiwurking oan ferliene,mienskiplike wenfyzjes, mienskiplike mobiliteitsfraachstikken. It kin dochs netsa wêze dat soks allegear om 'e nocht west hat en Noardeast-Fryslân aanst by deprovinsje foar de winige doar komt?

 

Provinsje, dit mei net barre. It is no nochfierstente betiid om de regio al ‘los' te litten. It sil in sosjaal-ekonomyskeskeefgroei yn de provinsje Fryslân opsmite. Wy roppe de provinsjale steaten danek op om dizze omjouwingsfyzje in oare rjochting te jaan. Wij wolle graach insterke plattelânsgemeente mei een weardefolle kearnstêd Dokkum bliuwe.

 

BERT KOONSTRA
Sweagerbosk

+++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++++ 

De moasje waard mei 25 tsjin 16 stimmen oannaam. Tsjin stimd hawwe: SP, D'66, PvdA, PvdD, GL en 50plus. 

In de Steatefergadering hat de FNP in moasje fan CDA en CU stipe  om de no besteande struktuer fan steedlike en regionale sintra yn de omjouwingsfizy wol te beneamen en op kaart sichtber te meitsjen.

 

MOASJE, op grûn fan Kêst 30 Reglemint fan Oarder

 

Steategearkomste

 

PS 26 septimber 2018

Wurklistpunt

 

07B Koersdokumint Omjouwingsfisy

Koarte titel fan de moasje

 

Maatwurk foar de regio

 

De Steaten, yn gearkomste byien op de 26e fan hjerstmoanne 2018

heard hawwende de rieplachting;

konstatearjende dat

-       Ien fan de basisprinsipes by de nije Omjouwingswet, en dus ek de Fryske Omjouwingsfisy, wêze sil ‘Lokaal tenzij' oftewol mear subsidiariteit op it mêd fan de romtelike oangelegenheden, wêrby de romte foar ûntwikkeling mear fan ûnderen op en gebietsrjochte ynfolle wurde sil, yn oerlis tusken alle belutsenen, om sa mear passend maatwurk te krijen;

-       It bliken dien hat dat de Fryske gemeenten (rieden, bestjoerders en amtners) op hiel ferskate wizen en hiel ferskate mjitte fan yntensiteit belutsen west hawwe by it proses (‘De Fryske Oanpak') oant no ta.

-       PS fan ferskate Fryske gemeenten brieven krigen hawwe as reaksje op it foarlizzende Koersdokumint, mei as strekking is dat men op ferskate mêden dochs wer sintrale stjoering út de provinsje wei oankommen sjocht. De provinsje soe ek yn it foar al wer iensidich in rol ynnimme. De krityk giet neist de ynhâld en de rolferdieling ek oer it proses oant no ta en dat noch komme sil om in provinsjale Omjouwingsfisy op te stellen;

oerwaagjend dat

-       It basisprinsipe ‘Lokaal tenzij' foar mear lokaal maatwurk sawol yn it proses nei de Omjouwingsfisy ta as yn de Fisy as sadanich en yn de lettere tapassing dêrfan ek werklik tapast wurde moat; 

 

fersykje it kolleezje fan Deputearre Steaten

-       By de fierdere útwurking en tapassing fan de Omjouwingsfisy net op foarhân al iensidich in rol yn te nimmen, mar dêr per ûnderwerp yn oerlis mei de partners yn de regio meiinoar droegen karren yn te meitsjen. 

 

en gean oer ta de oarder fan de dei

 

 





Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)