Tytsjerksteradiel: Riedsleden ynsward

Op tongerdei 29 maart waarden de nij keazen riedsleden ynsward. Dat barde yn hiel Nederlân dêr't ferkiezingen west hawwe.

It is altiten in hiel serieus barren. It is ek net neat, keazen troch de ynwenners en ferantwurdlik wurde foar in hiel soart saken dy't yn dizze gemeente spylje. Dizze ploech giet der entûsjast tsjinoan en hopet op goeie resultaten. Fan Wijbe Postma krige de nije fraksje in stik appeltaart mei in brânend kearske op de nûmers ien oantemei fiif! Dat it de fraksje yn fjoer sette mei! Ek wie der in grut bosk blommen foar elk fan de gemeente as wolkom. Wêrfoar tank fansels.

Hjirûnder noch wat foto's. 

25
 27
 28
 IMG 8763
 26
 54
 55

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer