Kollumerlân: Ynformateur Hendrik ten Hoeve fan Stiens al oan de slach

Juster wie de ferkiezingsdei en doe't justerjûn de útslach bekend wie is de FNP daliks oan it wurk gien. Alle partijen en de boargemaster binne ynformearre dat de FNP it inisjatyf foar kolleezje-foarming op him nimt. Hjoed hat Hendrik ten Hoeve fan Stiens syn rol as ynformateur oppakt. Hy sil no ôfspraken meitsje mei alle partijen yn Kollumerlân foar in earste oerlis.

Hendrik ten Hoeve hat dit wurk faker dien; de lêste kear yn gemeente De Fryske Marren.

Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer