Wêr stiet de FNP foar?
De ideeën fan 'e FNP gean oer de krêft fan mienskippen; at dy romte en (eigen) foech krije dan fersterket dat de eigen taal, kultuer en identiteit en dêrmei it wolwêzen. De FNP fielt him thús yn in solidêr Europa en stribbet nei in op alle mêden duorsum Fryslân (ûndernimmende mienskippen, enerzjy, mear bioferskaat, ensfh.)
Dizze oanpak liedt ta mear wille, noflik wenjen en better wurk yn Fryslân. Om dizze doelen te berikken, hat de FNP goed kwalifisearre minsken nedich.
Profyl FNP’er
De Fryske Nasjonale Partij siket minsken dy't ús ideeën oertsjûgend fertelle kinne, oprjocht en yn begryplike taal. Minsken mei in politiek gefoel, dy’t persoanlik dreaun binne om ambysjes om te setten yn dieden. Minsken dy't sichtber binne en yn kontakt stean mei de mienskip, liederskip toane en ferantwurdlikens nimme om saken yn gong te setten. Koartsein, minsken dy't troch har persoanlike eigenskippen, resultaten berikke kinne yn in (sa út en troch) komplekse politike omjouwing.
De FNP is in brede partij dy’t each en ear hat foar ferskaat, lykas net-Friestaligen en streektalen yn Fryslân. Dit betsjut dat wy sykje nei kandidaten dy't jong as âld binne, ûnerfaren as mear erfaren, froulju as manlju, ensfh. Mar altyd helder en motivearre de wearden fan de FNP útsprekke kinne.
Wurd lid fan de FNP
Nei it oanmelden as lid, stjoert it partijburo in wolkomstpakket mei u.o. in enkête. Dêrmei is it mooglik om jo, om dyn, ynteresses en saakkundigens blykber te meitsjen.
Foar mear ynfo oer it lid wurden: nim kontakt op mei it FNP Partijhûs .