EFA: ienheid yn ferskaat

De FNP hat Europeeske ynfloed troch har lidmaatskip fan de EFA (Europeeske Frije Alliânsje).

"De FNP yn Europa" (EFA: Europeeske Frije Alliânsje)

Us eigen politike partij yn it Europeesk Parlemint 

Dizze Europeeske politike partij is mei 11 minsken fertsjintwurdige yn it Europeesk parlemint. Dy parlemintariërs komme respektivelik fan partijen út Skotlân (2), Kataloanje (2), Wales, Letlân, Galisië (kombinaasje-parlemintslid) en Flaanderen (4).

 

De EFA as partij bestiet út mear as 40 partijen dy't yn 17 EU-lidsteaten fertsjintwurdige binne. 7 fan dy politike partijen sitte yn it regear yn har lân. De FNP wie yn 1981 ien fan de partijen dy't de EFA oprjochte hawwe en is sûnt ien fan de konstante faktoaren west foar de partij.

 

FNP aktyf yn de EFA

De FNP is frijwat aktyf yn 'e EFA. Dêrfoar hat de FNP in eigen EFA-FNP-kommisje yn it libben roppen. Saken dy't yn Fryslân spylje en dy't yn 'Brussel' oankaarte wurde moatte, kinne wy hiel fluch fia de EFA yn it Europeesk parlemint bringe. Tink oan eilânproblematyk, Europeeske oanbestegings, beskerming fan taal, saken dêr’t boeren tsjin oan rinne of de beskerming fan greidefûgels. Alle jierren is de FNP oanwêzich by it jierlikse kongres fan de EFA, alle kearen wer yn in oare regio (lêste jierren Beieren, Korsika, Silezië).

 

Wat haw ik as kiezer oan de EFA?

De FNP kin de EFA ynskeakelje as der saken binne dy’t jo persoanlik, jo bedriuw of organisaasje reitsje. Der sil wol in dúdlike oarsaak wêze dy’t ‘Europeesk’ is. Jo kinne dan ien fan de steateleden freegje of streekrjocht kontakt sykje mei Olrik Bouma.
As der yndie wat dien wurde kin oan it probleem, bygelyks troch it stellen fan fragen yn it Europeesk parlemint, kinne wy foar jo yn aksje komme. Dat kin ek troch in resolúsje of in moasje op it jierlikse EFA-kongres as it oer aktuele of driuwende saken giet.

 

Kontaktgegevens EFA:

European Free Alliance (Europeeske Frije Alliânsje)
Boomkwekerijstraat 1, B-1000-Brussel, Vlaanderen

E-mail: infoe-f-a.org
Webside: www.e-f-a.org/home/
Twitter: twitter.com/EFAparty
Facebook: facebook.com/EFAparty/

 

EFA-Youth - politike jongereinorganisaasje

Der is ek in politike jongereinorganisaasje dy't ferbûn is oan de EFA, nammentlik de EFA-youth. Dy fersoarget nijsgjirrige aktiviteiten spesifyk foar jongerein. Lykas útwiksels, simmerkampen mar ek kongressen en politike diskusjes. Alle jongereinôfdielings fan lidorganisaasjes fan 'e EFA kinne ek lid wurde fan EFA-youth. Geregeld hat jongerein fan de FNP aktiviteiten fan de EFA besocht.

 

Webside: www.EFAy.eu
Twitter: twitter.com/EFA_youth
Facebook: facebook.com/EFAyouth



2019 FNP Fryslân - Disclaimer