Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: bioferskaat yn nij Europeesk lânboubelied

De FNP is fan miening dat yn it nije Europeesk lânboubelied (CAP) 2020 it bioferskaat yn de lânbou stimulearre wurde moat. De boeren moatte dêr in earlik ynkommen foar krije.

bioferskaat

Dat sil de partij nije wike (13 april) nei foaren bringe op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP  sille Europarlemintariërs fan de EFA dan oan de slach om dat realisearre te krijen. 

   

Natuerynklusive lânbou 

De moasje fan de FNP is opsteld omdat de FNP wurk meitsje wol fan in natoerynklusive lânbou. Dêr is net allinnich de ynset fan Fryslân en de boeren sels foar nedich, mar benammen ek ‘Europa' omdat de ynkommenspolityk foar de boeren foar in grut part fia ‘Brussel' rint. Mei troch de kritearia fan it lânboubelied kin bydroegen wurde oan in goed en earlik ynkommen fan de boeren, agrarysk natuerbehear, omtinken foar bioferskaat en it lânskip.It is sawol foar boeren, boargers en konsuminten fan belang dat der in lânboubelied ûntwikkele wurdt dat yn balâns is, ferantwurde is en dat goed en sûn iten produsearre wurdt.

 

Genetyske manipulaasje 

De FNP wol fierder dat der gjin subsydzje komt foar genetyske manipulaasje. Dat heart yn de eagen fan de partij net by in ekologysk en ekonomysk duorsum lânboubelied. De boeren kinne dêrtroch ek slim ôfhinklik wurde fan inkelde grutte konserns.  



Downloads:
FNP EFA moasje biodiversity


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)