Beferzen Friezen

  Berferzen Friezen

 

 

 

 

 

 

 

 



 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Us kommissaris John, dus sis mar Jan,
fynt Fryslân mei der wêze,
assertyf, want wês in wekker man,
ûnttei wat is beferzen.

De hannen út 'e bûse, 't is gjin grap,
en dan earst hantsjeklappe,
kom mei jimme Fryslân op 'e lap
en lit de skonken stappe.

Bliuw dêrom net by jim tradysjes stean,
de keatser kin ferwachtsje
dat ek oarmans ballen boppe gean,
dus lit ús bargen slachtsje.

Ferkeapje 't Fryske spek foar pronk en priis,
wês wiis mei agri-business,
jachtbou brekt it hurde Fryske iis
en friest it, dan is 't wis mis.

Want pompeblêden hearre op it wiet,
mar ek by Fryske grinzen:
wolkom en oant sjen, wa't komt en giet,
hâldt Fryslân yn syn tinzen.

Mar bêste John, lit ús mar sizze Jan,
net dat wy dy net meie,
mar wy wolle iis en ride, man,
dus moat it hjir net teie.

 



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer