Yn it Stienzerhiem ha ik it der earst mei ús bewenners oer hân ûnder de kofje. Ha jim ek Fryske les hân op skoalle? De measte bewenners (allegear froulje) hiene gjin Fryske les hân mar hiene dat wol graach ha wollen. Frou van der L. (92) fertelde dat se as bern in skoalmaster hie dy’t de fryske taal hiel wichtig fûn en dat se nei skoalletiid in ketier langer bliuwe koene om Fryske les te krijen. Dat hie se ek dien. Dêr wie se ek bliid mei no at se der wer op werom seach.
Frou J. (91) fertelde dat se letter sels op fryske les gongen wie om benammen it lêzen ûnder de knibbel te krijen. Dat wie aardich slagge, dat koe se noch hieltyd wol, mar it skriuwen wie net slagge. It kaam al gau nei foarren dat se dat wol spitich fûn, de oare froulje ek. It is eins ek wol wat nuver; jo prate frysk, jo lêze frysk mar je skriuwe nederlânsk… Ja, dat fûnen de froulju ek, mar se doarden dat net oan. Dan soene der te folle flaters makke wurde.
It die al gau bliken dat se it wol hiel moai fine at se sels in oansicht-kaart krije dêr’t yn it frysk op skreaun is. Dat wie dochs eins moaier as in nederlâns skreaune kaart! Flot dêrnei kaam it “frisisme” oan de oarder, mei hilaryske nederlânske útspraken oerset yn it frysk. It boekje fan de Afûk kaam sels op tafel: “Mijn vrouw is uitgenaaid”, mei moaie útspraken as “ de kerstboom ruichelt” en “hij heeft last van de armtakken”. De froulje koene der tige om laitsje en de iene nei de oare taalflater kaam nei boppe, prachtich.
Us Memmetaal, in moai ûnderwerp foar ûnder de kofje, elts hat der wat oer te sizzen, jong en âld, wol as gjin ûnthâldproblemen, at it oer eartiids giet, wit elts der oer mei te praten en dat is moai!
De opname foar de Podcast fûn ik wol wat spannend, oant twa kear ta wie ik hielendal kwyt wat ik sizze woe. Ik fielde my wer 15 jier, mei in sprekbeurt op skoalle… Flot herstelde ik my wer en dêrnei gong it goed. Lokkich mar! Ik fûn it leuk om sa mei in pear foar my wyldfrjemde minsken ris te praten oer in ûnderwerp wêr hja allegear wat mei ha, elts fanút syn as har wurkfjild. Dit mei om my wolris wer!
Petra Dol
Soarchûndernimmer fan Fidesta Stienzerhiem,
in lytsskalige wen-soarchlokaasje foar alderein yn Stiens
FNPodcast: klik hjir om de FNPodcast oer Memmetaal te belústerjen.