Nei in waarm wolkom bûtendoar, gau nei binnen ta. In bakje kofje en in stikje
baklava fierder rekken wy yn petear. Henk hat jierren lang wurke as molkboer op
in SRV-wein yn Haarlem en Lina joech les yn yoga. In 4,5 jier ferlyn wie it
benammen Lina dy't har nocht hie fan alle drokte yn de stêd. Henk mei in grutte
foarleafde foar Skotlân rêde it net op. Yn plak fan de Skotske Highlands waar
it de ferhege dyk efter Minnertsgea. Ek hjir waar dat sa winske ‘oergevoel' fûn.
Henk warskôgjend: "wees zuinig op de rust en ruimte die je hier hebt!". Dêr
wiene wy it fansels folslein mei iens.
Henk en Lina steane yntusken ek midden yn de mienskip. En de mienskip hat harren
ek omearme. Sa binne hja yn de simmer faak te finen yn de teetún fan Wier.
Henk: "waar vind je nog zulke plekken?". It kontakt mei de minsken is rykdom.
Henk: "in de zomer stond ik soms midden op de dijk met mijn doedelzak en
niemand die last van mij had." Yntusken is de grutte doedelsek ynruile foar in
Ierske piipsek.
Om Fryslân better te leare kinnen hat Henk in heal jier op de bus riden. Sa
seach hy eins de folsleine provinsje. Nee it waar ús wol dúdlik. Dizze minsken
hawwe in nij thús fûn. Ticht by de seedyk mei syn bekende dykskiep en midden op
de romte.
‘Wees er zuinig op!'
Sijbe Knol, Dieke van der Pol, Jan Pieter van der Velde