NIJS   13-02-2023


Op wurkbesite by de doarpsbieb fan Surhuzum, by Janet Elzinga–Djurrema

Janet is 50 jier en wennet yn Surhuzum. Sy is frijwilliger foar in hiel soad saken, mar is foaral in soad te finen yn de doarpsbieb dy’t sy sels oprjochte hat. Sy docht it mei in soad nocht en wille en ek de Surhústers komme graach del foar in bakje kofje om dêrnei in moai boek út te sykjen. Ek puzels binne der te krijen.



Janet hat ús ûntfongen yn it Doarpshûs dêr't sy ek gebrûk meitsje mei fan in sealtsje foar de bieb. Sy soarget derfoar dat oerstallige boeken en puzels nei de kringloop yn ‘e buert brocht wurde en as de kringloop in soad dûbeld spul hat, wurdt dat ek wer útwiksele. Prachtich hoe ek dêr in gearwurking ûntstien is.

 

Janet is in foarbyld foar de mienskip. De minsken komme net allinnich foar in goed boek, mar earder foar in noflik praatsje. En ek dêr ha wy it oer hân.

 

Op de fraach ‘wat soe der de kommende fiif jier barre moatte' seit Janet: "Troch koroana binne der in soad dingen feroare. Minsken hawwe harren tiid oars ynfolle. Wa't oars noch wol ris in jûn oer hie, hat no in oare hobby fûn as fynt in jûn thús ek wol ris noflik. Mar sûnder frijwilligers is it hiel lestich om alles draaiende te hâlden. En dan komt dêr noch by dat de subsydzjes ek noch hieltyd ynkoarten wurde. Dat de prachtige inisjativen dy't al jierren goed rinne foar bygelyks de âlderein, no ynienen net mear subsidiearre wurde kinne omdat bepaalde subsydzjes no ynienen oan oare betingsten foldwaan moatte. En krekt dêr is binnen de mienskip behoefte oan".

 

Hast in oprop oan de polityk?
"It giet al gau oer De Haach. It fielt net mear fertrout. Minsken sykje in betroubere doarpsgenoat yn ‘e polityk. ‘De gewoane man', ien dy't wit wat er spilet en dy't der foar de minsken is. Ien dy't snapt hoe it yn ‘e werklikheid echt wurket".

 

Sita Land-Dotinga,

Wopke Veenstra,

Tjitte Hemstra 



Tags: Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer