NIJS   04-02-2023


Dizze ferkiezingen gean oer Fryslân

Oer sa’n oardel moanne meie de ynwenners fan Fryslân wer nei de stimbus ta. Yn alle provinsjes wurde de leden fan Provinsjale Steaten en it bestjoer fan it wetterskip keazen. It binne ferkiezingen dy’t yn it earste plak oer de provinsje en it wetterskip gean moatte.

In ferfelend râneferskynsel dêrby binne de lanlike kopstikken dy't miene dat sy in positive bydrage leverje kinne oan de kampanje fan harren filialen yn de provinsjes.

 

Sa seagen wy dizze wike in twastriid ûntstean tusken de lanlike VVD en it gearwurkingsferbân PvdA-Groenlinks. Wa't de uteringen fan beide kanten wat observearret, sjocht in hin-en-wer sjitterij op tema's dêr't se beide yn fersake hawwe. It soe ferfrissender en ek konstruktiver wêze as se beide mei in ferhaal foar de takomst komme soene. It CDA besocht dat fan ‘e wike wol. Mei de hite azem fan oare partijen yn de regio yn de nekke presintearre de partij syn plan ‘voor heel Nederland.' It CDA, dat sûnt 2002 hast de hiele tiid lanlik oan de macht wie, besiket ôfstân te nimmen fan de koers dy't sy al 21 jier mei yn stân hâlde.

 

Oer dat plan moatte wy it mar efkes hawwe. Yn in fraachpetear mei Omroep Flevoland wie it fraksjefoarsitter Pieter Heerma dy't sei, en ik sitearje: ‘Met de Lelylijn wordt de ruimte in Noord-Nederland beter benut. Bijvoorbeeld door mensen uit de Randstad, om er te wonen en te werken.' Yn 2020, krekt foar de ferkiezingen foar de Twadde Keamer frege it CDA keamerlid Amhaouch om in Deltaplan voor het Noorden. Iverige provinsjebestjoerders wisten net hoe gau it Noarden mar leafst 220.000 ekstra huzen oanbiede moast. It resultearre der yn dat Minister Hugo de Jonge ferline wike yn Fryslân al de oprop die om: ‘Ambitieuzer te zijn in het mee willen helpen oplossen van de landelijke woningbouwopgave.' Yntusken leit Súdeast-Fryslân op tafel as in saneamd NOVEX-gebiet. Dêrmei is it ien fan de sônes wêr't de lanlike oerheid fan tinkt dat dy geskikt binne foar mear ferstedsking. Miskien is dat better ‘voor heel Nederland.' Mar ek foar Fryslân?

 

De ferkiezingen gean yn it earste plak oer Fryslân. En der falt genôch te kiezen. Wolle de ynwenners fan Fryslân grutskalige wentebou, yn ien hoeke fan de provinsje, of wolle se in totaalplan om alle doarpen en wiken te fersterkjen? Sette wy yn op in Lelyline foar de fiere takomst, of soargje wy no foar in goede berikberens fan ús doarpen en plakken yn de folsleine provinsje? Kieze wy foar djoere hurdfytswedstriden, of foar it lokale ferieningslibben? Kieze wy foar it klusterjen fan enerzjy-opwek, of meitsje wy fan ús lânskip in enerzjyfabryk? En hoe gean wy om mei de fraachstikken rûnom stikstof, klimaat en wetter? Hoe sjocht Fryslân der aanst út en hoe wenje en wurkje wy hjir yn de takomst?

 

Der falt genôch te kiezen. Lit de proefballontsjes út De Haach mar oerwaaie. In advys fan ús kant: lês de ferkiezingsprogramma's fan de partijen en partijôfdielingen dy't oer de provinsje en it wetterskip gean. En kies op 15 maart. 



Tags: Ferkiezings, Polityk Den Haach

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer