Wy waarden ûntfongen mei kofje en oranjekoeke yn it âlderlik hûs fan Dirk Blom. Dirk en syn maat Ids oppenearje harren al in skoft oer de problematyk yn de stêd. Beide tweintigers binne it foarbyld fan de drege syktocht nei in beskikbere wente. Yntusken is it al slagge. Ids koe in wente krije omdat de ferkeapjende partij him de wenning gunde en Dirk hat sûnt in pear wike ek in wenning krigen. Dirk: ‘'De hiele strjitte hat hjir al oer de flier west om my te lokwinskjen''. Doe't wy mei de mannen en Pleatslik Belang in slach troch it plak dienen waard ús ek dúdlik hoe wiis de ynwenners fan Hylpen binne mei jongerein dy't yn Hylpen bliuwe. In frou op in fyts ropte al fan fierren: ‘'Lokwinske Dirk''.
Jaap Kruis sette ek skerp del: ''‘Nó Hylpen' hat earder ek ûndersyk dien
ûnder de ynwenners fan Hylpen en mar leafst 95% fan de ynwenners fynt dat der
wat barre moat''. De FNP seach mei eigen eagen it grutte tal wenningen dat
brûkt wurd as twadde wenning. De oprop oan de polityk wie dan ek dúdlik. Belied
is moai mar it komt aanst ek oan op de útfiering. En dêr sit ek in dielde
soarch: is der wol genôch kapasiteit om ek echt te hanthavenjen?
Mooglike útwreiding fan Hylpen
As lêste ha wy oer it moaiste fuotbalfjild fan Fryslân (SV Hielpen) hinne sjoen
nei de takomst. De mooglike útwreiding fan Hylpen. Der binne plannen en ek die
fertsjinje in takomst. It is de FNP wol dúdlik wurden. Alle help om de
jongerein yn Hylpen in plak te jaan is nedich. Foar de leefberens en in sterk
ferieningslibben. De skjintme fan Hylpen is grut, mar der wenje ek minsken. En
krekt dêr leit ús sympaty.
Mirjam Bergsma,
Rene van der Lei,
Douwe Blom en
Sijbe Knol