Juster waard bekend dat Minister Kuipers fan Folkssûnens in brief stjoerd hat aan de akademyske sikehuzen wêryn't hy fêsthâldt oan eardere plannen om de bernehertsjirurgy yn twa sikehuzen yn Nederlân te konsintrearjen. De sikehuzen moatte sels mar útmeitsje hokker twa sikehuzen dat binne. Dêrmei giet hy yn tsjin it advys fan de Nederlandse Zorgautoriteit, dy skriuwt dat it sluten fan de besteande ôfdielingen grutte en net-omkearbere konsekwinsjes hat.
De minister wol foar 1 april fan de akademyske sikehuzen it antwurd witte, oars nimt hy sels in beslút. Neffens de minister is der gjin tiid om goed nei de konsekwinsjes te sjen, sa as de Nederlandse Zorgautoriteit advisearret. Neffens ús is dat in ûnmooglike ferdeel en hears-polityk. Yn 30 jier fan diskusje binne de sikehuzen noch nea ta in kompromis kommen. Mei in hurde deadline op 1 april en de sûnt ferline jier beneamde foarkar fan it ministearje fan Folkssûnens foar oare sikehuzen yn it lân hawwe wy noch altyd hiel folle soarch.
Twa fan de útgongspunten soene de sprieding en tagonklikheid fan soarch wêze moatte; as der gjin kompromis komt, soe it goed wêze as de akademyske sikehuzen mei-inoar yn aksje komme. Ferline jier waard bekend dat it akademysk sikehús fan Utrecht spindokter Jack de Vries in lobby fiere liet nei polityk De Haach ta. It toant oan dat fan solidariteit yn de hieltyd kommersjeler wurdende soarch mar beheind sprake is.
De bern en de âlders yn it Noarden en de rest fan it lân hawwe neat aan sikehuzen mei spindokters. Sy hawwe berikbere en tagonklike soarch nedich. Dêrfoar is solidariteit nedich en begryp. Meitsje fan regionale sprieding njonken de kwaliteit fan de soarch de belangrykste útgongspunten.
Alfred Schoenmaker, Sterk Lokaal Drenthe
Bram Schmaal, Groninger Belang
Sijbe Knol, FNP Fryslân
(fraksjefoarsitters yn de Provinsjale Steaten fan Drinte, Grinslân en Fryslân)