NIJS   05-01-2023


Opiny Sijbe Knol: Mear as in knal allinnich

Ofrûne sneon wie it dan nei twa jier mei beheinings wer sa fier. Rûnom yn Fryslân wiene kloften jongeren en krekt wat âldere jongeren al wiken yn it spier. Karbydsjitte. It koe wer en Fryslân wie foar ien dei karbydlân. Op hûnderten plakken kamen minsken by elkoar.



Lykas alle oare jierren wiene ek wy wer manmachtich op ‘en paad. It earste plak fan de dei waard foar my Deinum. Ien fan de mannen dêr hat my in pear jier ferlyn alris út de drek wei skuord. Dat siet sa: ferkiezingsposters hingje op plakken dêr't soks eins net mocht. It waard fuort ôfstraft, want de reade Peugeot 106 siet oant de as yn de drek. Ik leau dat wy it beide net fergetten binne.

 

Ik rekke dêr yn Deinum oan de praat mei ien fan de mannen. Hy hie in krekt wat te grutte jas fan in transportbedriuw út Hallum oan en de mûtse strak oer de earen. Hy wie justerjûn wer thús kaam mei de frachtwein. ‘Wêr wie de reis hinne west', frege ik. ‘Nei de Oekraïne', wie it antwurd. It doel wie om guod yn Kiev te bringen, mar mei de loftalarmen yn de haadstêd fan de Oekraïne moasten se de wein krekt wat earder leegje. Mei it ploegje manlju praten wie der oer fierder. ‘Wist wat it is', sei ien út de groep wei: ‘it is hjir mear as in knal. Eins is dat foar ús bysaak. Wy komme hjir byinoar. It doarp fynt it prachtich en de lokale horeka sponsort hjir sels ús middeisiten. Jûn ha wy ek noch in sintrale fjoerwurkshow yn Marsum.' Oan it wurd wie de foarsitter fan de ploech.

 

It foarbyld yn Deinum stie net op himsels. De hiele dei troch kamen wy op plakken, hearden wy de ferhalen en seagen wy in mienskip dy't de skouders derûnder sette. Op guon plakken like it wol in doarpsfeest.

 

In part fan de wike bring ik tsjinwurdich gauris troch oan de Twibeksmerk yn Ljouwert. Op it Provinsjehûs. Guon neame dit wolris ‘it hûs fan de mienskip'. Nei fjouwer jier is it my wol dúdlik dat dagen lykas dy lêste dei fan it jier mei syn tradysjes op syn minst sa wichtich binne. As de jongeren de takomst hawwe, dan komt it mei Fryslân ek wol klear. 



Tags: Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer