NIJS   22-01-2022


Opiny: Goedkeape kaugom

It is sa fier. De Lelyline stiet nei in bestjoerlike lobby yn it lanlike koälysje-akkoart, as ûnderdiel fan it grutte ‘Deltaplan voor het Noorden,’ en is ek al op jild set. Trije miljard ha de nije regearingspartijen der foar oer. Provinsjebestjoerders, de foaroanman fan VNO-NCW Noord en de minsken by de RUG yn Grins kamen superlativen tekoart yn har joechei stimming. Nei de euforyske útspattingen kamen in pear dagen letter gelokkich al de realiteitssin en de terjochte fraachtekens.

Trije miljard liket hiel wat mar yn 2007, doe't de sweeftrein yn de loft hong, hie ús regear dêr 2.8 miljard foar oer. Elk dy't wat wit fan ekonomy en grutte ynfra projekten op dit stuit wit dat de ynflaasje it fûnemint ûnder elke lange termyn begrutting wei slacht, wurksumheden oan de ôfslútdyk kostje bygelyks op dit stuit minimaal 400 miljoen euro mear as begrutte, en dat bin mar wurksumheden, lit stean in hiel nij trajekt.

Realisaasje fan de Lelyline yn 2038?
It leit ek net yn de line der ferwachting dat de grûnstoffen goedkeaper wurde sille. Jild út de regio om by de laapjen is der net, dêr hat De Haach de lêste jierren wol foar soarge. Grinslân is foar miljarden leechsûge mei alle mooglike gefolgen en ek yn Fryslân sitte de gemeenten der net waarm by. Tal fan oerheidstaken binne mei te min jild oer it stek smiten, in werferdieling fan it gemeentefûns resultearre yn strukturele tekoarten foar de measte plattelânsgemeenten en de provinsjale begrutting is foar de takomst werom brocht fan 400 nei 250 miljoen. Nee der is hjir de kommende jierren net in koartsje foar sokke grutte projekten te heljen. Europa soe ek meibetelje moatte oan de line, dy betellet lykwols allinnich foar ynternasjonale treinferbiningen en de Dútsers sjogge mear heil yn de line Amsterdam nei Münster. As wy it goed besjogge is de hiele Lelylinelobby as in goedkeap stikje kaugom, it liket earst hiel wat mar nei twa kear kôgjen smakket it net mear en is de rek der út. 

Krityske noaten
Oer de winsklikheid hat de FNP earder partijbreed krityske noaten kreake. Dat is net feroare. Yn in tiid dat yn in grut part fan ús provinsje de eigen mobiliteit ûnder druk stiet, bushalten ferdwine, linen strekt wurde en brêgen net ûnderholden wurde kinne soe in knappe lobby fan de deputearre sûnder Lelyline- eachkleppen ek wat wurdich wêze. Wat jo fersmite komt net gau werom. Noch mear ekonomyske en demografyske konsintraasje (45.000 wenningen) sil oare parten fan de provinsje leechsûgje en it antlit fan Fryslân ûnwerstelber ferminke.


Gelokkich is it noch lang safier net. Mear en grutter is net altyd in antwurd, dat kinne wy leare fan de Rânestêd. It is heech tiid om de ynwenner te rieplachtsjen. Wat wol dy? En fertsjinnet Fryslân net in folle breder debat oer har takomst, skaaimerken en kwaliteit lykas romte en lânskip? Folle breder as it utopyske tinken fan de VNO-NCW's fan dizze wrâld dy't fine dat alles makber is en yn tsjinst stean moat fan ekonomyske maksimalisaasje? Dizze diskusje is al te lang útsteld. Gelokkich komme der meikoarten twa natuerlike mominten oan. De earste yn maart fan 2022 en it jier derop noch ien. It is dan oan de ynwenners. Wêr gean wy hinne mei Fryslân? En wat dy reservearre trije miljard oanbelanget, ek dêr ha wy wol in idee foar: Jou de minsken yn Grinslân in miljard ekstra kompensaasje foar de ierdbevingsskea. Itselde jild foar de minsken mei fundearingskea yn Fryslân. En ynvestearje de tredde miljard foar in part yn de bernehertôfdieling fan it UMCG dy't mei sluting bedrige wurdt.

Ut namme fan de FNP,


Bert Vollema (FNP Waadhoeke)
Aant Jelle Soepboer (FNP Noardeast-Fryslân)
Yde van Kammen (FNP Achtkarspelen)
Freddy de Haan (FNP Tytsjerksteradiel)
Durk Oosterhof (FNP Smellingerlân)
Harm De Jong (FNP Opsterlân)
Ate Eijer (FNP It Hearrenfean)
Gerda de Vries (FNP De Fryske Marren)
Tsjerk Bouwhuis (FNP Súdwest Fryslân)
Ferry van der Ploeg (FNP Dantumadiel)
Jan-Willem Tuininga (FNP Ljouwert)



Tags: Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer